Kazankleaster (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Kazankleaster

Толгский монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
monumintale status Monumint fan stêdebou en arsjitektuer
monumintnûmer 7600144000
offisjele webside
Kazankleaster

It Kazankleaster (Russysk: Казанский монастырь) is in otterdoksk kleaster foar nonnen yn de Russyske stêd Jaroslavl.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It opheffen fan belis fan Jaroslavl oan it begjin fan de 17e iuw troch de Poalsk-Litouske troepen yn de Tiid fan Unstjoer waard troch de bewenners fan Jaroslavl taskreaun oan de tuskenkomst fan Us Leaffrou fan Kazan. Ta oantinken oan it barren waard yn de jierren 1610 begûn mei de bou fan in Kazantsjerke yn it noardwestlike part fan de doedestiidske posad. By de tsjerke waarden kleastersellen boud foar de nonnen fan it Bertekleaster, dat yn de dagen fan it belis troch de Poalen yn 'e jiske lein wie.

Yn de 19e iuw waarden in soad gebouwen ferfongen troch nijbou. Op it plak fan de âlde houten tsjerke feriisde tusken 1835 en 1845 de katedraal fan it Kazan-ikoan fan de Mem Gods. Doe't it kleaster it 300-jierrich jubileum fierde, wennen der likernôch 400 nonnen yn it kleaster. Yn july 1910 liede Tichon, de aartsbiskop fan it bisdom Jaroslavl-Rostov en lettere patriarch fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke, de jubileumtsjinst yn de kleastertsjerke.

It kleaster wie ferneamd fanwegen de sangkeunst, it goudborduerwurk en it skilderjen fan ikoanen.

Nei de opstân tsjin de bolsjewiken yn Jaroslavl waard it monastike libben yn it kleaster troch it nije rezjym ôfskaft en de katedraal krige de funksje fan argyf.

Sûnt 1998 is it kleaster wer iepen.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Katedraal fan de it Kazan-ikoan fan de Mem Gods (boud yn 1835-1845, arsjitekt Avraam Ivanovitsj Melnikov)
  • Tsjerke fan de Foarbea fan de Mem Gods (boud yn 1820-1828, arsjitekt Timofev Aleksevitsj Medvedev)
  • Kazankapel mei klokketoer as ûnderdiel fan de súdeastlike kleastermuorre (boud yn 1818, ôfbrutsen tusken 1920 en 1930)

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Kazansky Monastery (Yaroslavl)