Kategory oerlis:Nederlânsk maresjesee
Appearance
@Ieneach fan 'e Esk: It nuvere is dat 'maresjaussee' yn de foarkarswurdlist stiet, dêrom brûkte ik dy ferzje ek, mar sykje yn it wurdboekportaal fan Taalweb jout: 'der is neat fûn'. Tsja... Drewes (oerlis) 3 des 2019, 16.54 (CET)
- @Drewes: Dat is hiel ferfelend, Drewes. Dêr kinne je fansels neat mei. Mar it docht my eins gjin nij. DeVries54 (of hoe't er him no ek mar wer neamt) hie lêsten fizioen feroare yn 'fisjoen', om't "Taalweb de stavering 'fizioen' derút smiten" hawwe soe. Mar doe't ik nei Taalweb gie en nei "fisjoen" socht, koe ik neat fine. Doe't ik op it Nederlânske vizioen socht, kaam "fisioen" (mei in s) foar it ljocht. Dat haw ik der doe mar fan makke. En dochs stiet it yn 'e âlde wurdboeken as "fizioen" (mei in z). En de Fryske Akademy mar folhâlde dat se tusken de ynfiering fan 'e Steatestavering, yn 1980, en de lytse staveringswiziging fan 2015 neat oan 'e stavering feroare hawwe. ("Fisioen" stiet trouwens ek net op 'e list fan Fryske wurden dy't yn 2015 feroare binne.) Ik haw sa stadichoan sterk de yndruk dat se dêr by de F.A. der mar wat in slach nei slane en dat de iene hân dêr net wit wat de oare docht. Ik tink dat we mar it bêste op 'e papierrene wurdboeken fertrouwe kinne ynsafier't it giet om wurden dy't neffens de F.A. by de feroaring fan 2015 gelyk bleaun binne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 des 2019, 20.54 (CET)