Kategory oerlis:Holdeksel

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wat is in 'holdeksel'? In hol lid? Zantema, Visser en it Fr. Hânwurdboek jouwe 'kopdeksel'. Drewes (oerlis) 27 mrt 2019, 22.55 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dat haw ik wol sjoen, mar ik begryp net wêrom't yn dit gefal ynienen it wurd 'kop' brûkt wurde moatte soe ynstee fan it (foar minsken) folle normalere 'holle'. As jo in gearstalling meitsje fan twa Fryske wurden (yn dit gefal "holle" en "deksel"), dan falt it lêste wurdlid fan it earste wurd faak fuort as dat ûnbeklamme is, sa't hjir it gefal is. Sa hawwe jo bygelyks ek 'holbân', 'liplêze', 'pûdfol', enshf. Dus oan it wurd 'holdeksel' mankearret neffens my neat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2019, 19.09 (CET)[beäntwurdzje]