Kategory oerlis:Aldereinpartij

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kin 50plus beskôge wurde as in ideologyske partij? It liket my ta dat it mear in partij is dy't foar in doelgroep opkomme wol. Der sille lju mei ferskate ideologyen yn sitte. Drewes (oerlis) 21 mrt 2018, 20.42 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dat is grif wier. Mar is it dêrom nedich om dizze kategory yn in hiel oare kategorybeam ûnder te bringen? Miskien is de namme "Partij nei ideology" yn dit gefal wat ûngelokkich, mar op 'e Ingelske Wikipedy binne dêr ek boerepartijen (agrarian parties), gehielûnthâlderspartijen (prohibition parties) en piratepartijen (pirate parties) by ûnderbrocht, en dat binne krekt-en-gelyk ien-issuepartijen. Ik fyn, we moatte it ússels ek net al te moeilik meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mrt 2018, 21.23 (CET)[beäntwurdzje]
P.S.: no, ja, ik kin der by neier ynsjen ek noch wol in kategorytsje tsjinoan smite. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mrt 2018, 21.26 (CET)[beäntwurdzje]
..en sa fynt de Ingelske Wikipedy syn master thús. Drewes (oerlis) 21 mrt 2018, 22.12 (CET)[beäntwurdzje]