Springe nei ynhâld

Katedraal fan de Hillige Martlers (Gjûmri)

Ut Wikipedy
Katedraal fan de Hillige Martlers
Սրբոց Նահատակաց եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
provinsjeSjirak
plakGjûmri
adresHaghtanak Av.
koördinaten40°47'NB, 43°50'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipArmeensk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitektHakob Jivanjan
boujier2010-2015
Webside
Side fan it ordinariaat
Kaart
Katedraal fan de Hillige Martlers (Armeenje-reliëf)
Katedraal fan de Hillige Martlers

De Katedraal fan de Hillige Martlers (Armeensk: Սրբոց Նահատակաց եկեղեցի) is in katedraal yn Gjûmri, Armeenje. It is de sit fan it Ordinariaat foar Armeenje, Georgje, Ruslân en East-Europa fan 'e Armeensk-Katolike Tsjerke. De bou fan 'e katedraal sette yn desimber 2010 útein en waard yn 2015 foltôge. It wie ynearsten it doel om de katedraal de namme "Hillich Krús" te jaan, mar dat feroare yn 'e "Hillige Martlers" ta neitins fan de hillich ferklearre slachtoffers fan 'e Armeenske Genoside.

Op 24 september 2015 waard de katedraal troch Krikor Bedros XX Kaprojean ynwijd, de katolyk-patriarch fan 'e Armeensk-Katolike Tsjerke, en Leonardo Sandri, Leonardo Sandri, prefekt fan 'e Kongregaasje foar de Easterske Tsjerken. De plechtichheid stie yn it ramt fan 'e betinking dat de Armeenske Genoside dy't doe in iuw lyn plak fûn. De katedraal krige ta neitins fan 'e slachtoffers dêrfan (yn 2015 hillige de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke har as martlers) de namme "Katedraal fan de Hillige Martlers".

Tegearre mei katolikos Karekin II brocht paus Fransiskus op 25 juny 2016 in besite oan 'e katedraal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: