Katedraal fan Segovia

Ut Wikipedy
Katedraal fan Segovia
Lokaasje
lân Spanje
regio Kastylje en Leön
plak Segovia
koördinaten 40° 57'N 4° 07'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
bisdom Segovia
patroanhillige Himelfeart fan Us-Leaffrou en Sint-Fruktus
Arsjitektuer
boujier 1525-1768
boustyl Gotyk
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Segovia (Spanje)
Katedraal fan Segovia

De Santa Iglesia Catedral de Nuestra Señora de la Asunción y de San Frutos de Segovia (De Katedrale tsjerke fan de Himelfeart fan Us leaffrouwe en fan Sint-Fruktus fan Segovia) is de katedraal fan it bisdom Segovia yn Spanje. De katedraal waard tusken de 16 en 18e iuw boud yn de goatyske styl mei renêssânse eleminten. Yn in tiid dat de arsjitektuer fan de renêssânse de goatyske boustyl yn hiel Europa al ferfongen hie, waard de katedraal fan Segovia noch hast hielendal yn goatyske styl boud en dêrmei is it ien fan de jongste goatyske katedralen fan Europa.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde romaanske Marijekatedraal fan Segovia út de 12e iuw stie foar it Alcázar oer en waard yn 1520 ferneatige by de Opskuor fan de comunidades. De bou fan de tsjintwurdige katedraal begûn yn 1525 neffens de ûntwerpen fan Juan Gil de Hontañón. De earste stien waard op 8 july 1525 lein.

Yn augustus 1558 wie it gebou oant it dwersskip klear en waard it foltôge diel wijd. Wylst waard ek de út de 15e iuw datearjende kleastergong fan de âlde katedraal ôfbrutsen en by de nijbou wer opboud. De Capilla Mayor, de haadkapel, waard yn 1563 boud.

Troch bliksemynslach yn 1614 waard de hege spits fan Amerikaansk mahonyhout fan de toer ferneatige. By de brân rekke ek it dak fan de tsjerke skeind. Om 1620 hinne krige de toer by in restauraasje syn hjoeddeiske, 12 meter redusearre foarm.

De hiele katedraal waard pas yn it jier 1768 ynwijd. De katedraal is 105 meter lang en 50 meter breed. It middenskip hat in hichte fan 33 meter en de toer is 88 meter heech.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It hjoeddeiske haadalter waard tusken 1768 en 1775 troch Carlos III (1759-1788) boud yn it atelier fan it Keninklik Paleis yn Madrid neffens in ûntwerp fan Francisco Sabatini (1722-1795). Yn de sintrale nis is in sittende Madonna, de 'Virgen de la Paz', in 13e-iuwske byld, dat skonken waard troch kening Hindrik IV. Yn de 18e iuw waard it sulverbeslach tafoege oan it keunstwurk.

It traaljewurk foar it heechalter is fan Antonio Elorza út 1729.

Koerbanken

De koerbanken komme út de âlde katedraal en waarden yn 1558 yn de nije katedraal set. De koerbanken binne flamboyant-goatysk fan styl en waarden tsjin it ein fan de 15e iuw boud yn opdracht fan biskop Don Juan Arias Dávila.

Virgin de la Paz

Yn de katedraal krigen ferskillende keunstwurken út de âlde katedraal wer in plak, fral yn de sydkapellen dy't lofts en rjocht oan de sydskippen oanboud binne. Te sjen binne skilderijen fan Flaamske skilders út de 16e iuw en (fral yn de Capilla de la Concepcíon) skilderijen fan de keunstner Ignacio de Ries.

Koer

De brânskildere ramen binne oer trije tiidrekken te ferdielen en foarme meiïnoar ien fan de bêste samlings fan Spaanske gleskerij. De 16e-iuwske ramen binne myn de styl fan it maniërisme. Yn de 17e iuw waarden trijeëntritich ramen tafoege troch Francisco Herranz. En yn de 1916 waarden sân glês-yn-leadramen foar de haadkapel makke troch it glêsatelier Casa Maumejean út Madrid.

It katedraalmuseum besit wurk fan û.o. Pedro Berruguete, Sánchez Coello en Van Orley. Yn de argiven fan it katedraal wurdt it Sinodal de Aguilafuente bewarre, it earste boek dat yn Spanje printe waard. Yn de kapittelseal is in belangrike samling Flaamske wandkleden út de 17e iuw ûnderbrocht.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat twa foar inoar oer hingjende oargels yn it koer. Beide oargels datearje út de 18e iuw.

It oargel oan de epistelkant (de súdlike kant) waard yn 1702 troch de oargelbouwer Pedro de Liborna Echevarría boud. Yn de rin fan de tiid waard it ynstrumint ferskillende kearen feroare en yn't lêst yn de jierren 2009-2011 restaurearre. It oargel hat ien manuaalwurk, werfan't de registers lykas by in soad Spaanske oargels, links en rjochts fan de spyltafel yn bas- en diskantside, saneamde 'mano izqierda' (linker hân) en 'mano derecha' (rjochter hân) oardene binne.

Kleastergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kleastergong is flamboyant-goatysk fan styl en waard stien foar stien ferhûze fan it plak fan de âlde ferneatige katedraal nei it plak by de nije katedraal. It is it iennige diel fan de âlde katedraal dat bewarre bleaun is en it is tagonklik troch in prachtich portaal, in wurk fan Sebastián de Almonacid.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.