Katedraal fan Naga
Metropolitane katedraal en Parochy fan Sint-Jehannes de Evangelist
Catedral Parroquia Metropolitana de San Juan Evangelista | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | Camarines Sur | |
plak | Naga | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1808-1843 |
De Metropolitane Katedraal fan Naga (offisjeel: Catedral Parroquia Metropolitana de San Juan Evangelista; Metropolitane katedraal en Parochy fan Sint-Jehannes de Evangelist) is in roomsk-katolike katedraal yn de stêd Naga yn de provinsje Camarines Sur op de Filipinen. It is de sit fan it aartsbisdom Caceres.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste tsjerke waard fuort boud nei de stifting fan it doedestiidske bisdom Caceres in 1595. Om't de âlde katedraal yn 1768 ôfbaarnde waard yn 1808 útein set mei de bou fan in nije katedraal. De yn 1843 ynwijde katedraal rekke yn oktober 1856 skeind troch in tyfoan, mar waard neitiid yn de jierren 1862-1879 restaurearre.
De skea fan de ierdskodding fan 1887 waard yn 1890 wer ferholpen. De lêste restauraasje fan de katedraal datearret fan 1987-1988.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|