Katedraal fan Letterkenny

Ut Wikipedy
Katedraal fan Letterkenny

Letterkenny Cathedral

bouwurk
Letterkenny St. Eunan's Kathedrale Irland@20160529 02.jpg
lokaasje
lân Flag of Ireland.svg Ierlân
county Donegalcocologo.png Donegal
plak Letterkbig.png Letterkenny
adres Castel Street
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1890-1900
arsjitekt William Hague
boustyl Neogoatyk
offisjele webside
www.steunanscathedral.ie

De Katedraal fan Sint-Adamnan en Sint-Kolumba (Ingelsk: Cathedral of St. Eunan and St. Columba) is een katolike katedraal yn de Ierske stêd Letterkenny.

De katedraal stiet oan de Castel Street foar de anglikaanske parochytserje oer en fierde yn 2001 it hûndertjierrich bestean.

De Church of Ireland besit yn itselde greefskip ek in katedraal dy't wijd waard oan Sint-Admanan en dy stiet yn Raphoe.

Skiednis en bekriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard yn opdracht fan de doedestiidske biskop fan Raphoe en lettere kardinaal O'Donnell tusken 1890 en 1900 boud. Untwerper wie William Hague, in bekende arsjitekt yn Dublin mei goede konneksjes mei de ferneamde arsjitekt Pugin. Op 16 juny 1901 fûn de iepening fan de nijbou plak, dy't de Viktoariaanske neogoatyske styl fertsjintwurdiget. It boumaterjaal wie ôfkomstich út Mountcharles en waard mei it skip nei Swilly transportearre en fan dêr wei troch de bewenners fan Letterkenny sels nei de boulokaasje droegen.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alter

De spits fan de katedraal hat in hichte fan 75 meter en de katedraal waard boud fan wite sânstien. It tsjerkemeubilêr is fan iken makke en hat in moarmeren preekstoel dy't dekorearre is mei de bylden fan de fjouwer evangelisten en de fjouwer masters. De brânskildere ramen dy't it alter en de Us Leaffroukapel ferljochtsje binne it wurk fan de firma Mayer út München. Se stelle trettjin foarstellings út it libben fan de Hear foar. Keltyske motiven en glês-yn-lead binne ûntwurpen troch Harry Clarke en Michael Healy. De grutte bôge is fersierd mei foarstellings fan Sint-Adamnan en Sint-Kolumba. De ivige lampe is makke fan sulver en weget mear as 42 kilo. Guon bylden binne makke troch William Pearse, dy't fanwegen syn oandiel yn de Peaskeopstân yn 1916 eksekutearre waard.

De katedraal waard renovearre yn 1985 en foar in part op 'e nij ynrjochte. Der gyng in soad omtinken nei it behâld fan de styl en it materjaal fan it orizjinele alter. It oarspronklike alter, in Ierske wurk fan Leonardo's Lêste Jûnsmiel, bleau beholden en waard yntegrearre yn it nije folksalter.

De gevels fan de katedraal waarden yn july 2001 reinige .

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]