Katedraal fan Jehannes de Doper (Limerick)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jehannes de Doperkatedraal
LimerickRCCathedral.jpg
lokaasje
lân Flag of Ireland.svg Ierlân
provinsje Flag of Munster.svg Munster
county FermanaghLimerick col.png Limerick
plak Limerick kolory.png Limerick
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1856-1861
arsjitekt P.C. Hardwick
boustyl Neogotyk
oare ynformaasje
webside www.limerickdiocese.org

De Katedraal fan Jehannes de Doper (Ingelsk: Cathedral St. John the Baptist ek bekend ûnder de namme Katedraal fan Limerick) is de roomsk-katolike haadtsjerke fan it Ierske bisdom Limerick.

De tsjerke waard yn neogotyske styl boud en is de grutste tsjerke fan it lân. De toer is mei in hichte fan 93,3 meter de heechste tsjerketoer fan Ierlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1856 waard ûnder lieding fan arsjitekt Philip Charles Hardwick útein set mei de bou fan de katedraal, dy't yn 1861 foltôge waard. De toer is foltôge yn 1883 neffens tekeningen fan de arsjitekt M.A. Hennessy.

De tsjerke waard yn de jierren 2003-2004 renovearre. De âldere katedraal yn de stêd, de St. Mary's Cathedral, heart ta de protestanske Tsjerke fan Ierlân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]