Springe nei ynhâld

Katedraal fan Granada

Ut Wikipedy
Metropolitane Katedraal fan de Ynkarnaasje

Santa Iglesia Catedral Metropolitana de la Encarnación

Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
regio Andalûsje
provinsje Granada
koördinaten 37° 10'N 3° 35'W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Granada
status Marije
Arsjitektuer
boujier 1523-1704
boustyl renêssânse/barok
Webside
Webstee
Kaart
Katedraal fan Granada (Spanje)
Katedraal fan Granada

De Katedraal fan Granada (Spaansk: Catedral de Granada) is de katedraal fan it aartsbisdom Granada. De oan de Jongfaam fan de Ynkarnaasje wijde katedraal waard oer in lange tiid boud en is 115 meter lang en 67 meter breed.

Nei de oermastering fan Granada troch de kristenen op 21 maaie 1492 waard de stêd de sit fan in aartbisdom. Keninginne Isabella I woe leafst fuort begjinne mei de bou fan in katedraal, mar hja soe dat sels net mear meimeitsje en it duorre oant nei har dea dat Ferdinand II dêr opdracht ta joech.

Ynterieur

Alderearst waard útein set mei de bou fan de Capilla Real, de keninklike kapel, dy't yn 1517 foltôge waard.

De earste stienlizzing foar de nije katedraal fûn op 25 maart 1523 plak. It plan fan de boumaster Enrique Egas hie in 115 meter lange en 65 meter brede goatyske katedraal foar eagen. Mar nei't Egas dien krige yn it jier 1528 feroare Diego de Siloé de plattegrûn yn in rûnfoarmich koer en in fiifskippige basilyk yn renêssânse-styl. De katedraal waard boud op it plak fan de Grutte Moskee fan Granada.

Ferskillende boumasters gyngen fierder mei de bou fan de katedraal: Juan de Maena (1563–1571), Juan de Orea (1571–1590) en Ambrosio de Vico (1590–1623). Alonso Cano den Plan feroare it oarspronklike plan foar de gevel yn in barok ûntwerp. Yn 1704 wie de katedraal foltôge, 181 jier nei it boubegjin.

De katedraal hat in rjochhoekich grûnplan mei in haadskip en oan beide kanten dêrfan twa sydskippen en in healrûn koer.

Yn de katedraal meitsje de hichte en de ljochte muorren yndruk. Fan belang binne de oan ferskillende hilligen wijde koer- en sydkapellen, dy't fersierd binne mei byld- en snijwurk út de 17e en 18e iuw.

Oan it ein fan it haadskip hingje twa oargels mei ryk fersierde oargelkassen, dy't troch Leonardo Fernández Dávila boud binne. It oargel rjochts fan it alter waard tusken 1744 en 1746 boud, it oargel lofts fan it alter tusken 1746 en 1749.

It episteloargel (rjochts fan it alter) hat dielde registers mei 43 stimmen op twa manualen en pedaal.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Kathedrale von Granada.