Katedraal fan Chelmsford

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katedraal fan Chelmsford
Chelmsford Cathedral Exterior, Essex, UK - Diliff.jpg
lokaasje
lân Flag of England.svg Ingelân
Greefskip Flag of Essex.svg Esseks
plak Chelmsford
adres Duke Street, Chelmsford CM1 1EH
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 15e en 16e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status Grade I listed building
webside Side katedraal

De Katedraal fan Chelmsford (Ingelsk: Chelmsford Cathedral) is in katedraal yn de Ingelske stêd Chelmsford, Esseks. De tsjerke waard wijd oan de hillige Jongfaam Marije, Petrus en de Angelsaksyske muonts Sint-Cedd. Mei de stichting fan it Anglikaanske bisdom Chelmsford waard de eardere tsjerke in katedraal.

Parochytsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Marijetsjerke waard nei alle gedachten likernôch acht iuwen tebek boud, tagelyk met de stêd. Yn de 15e en it begjin fan de 16e iuw waard de tsjerke op 'e nij boud mei muorren fan fjoerstien, gewoane stien en bakstien. It tsjerkeskip stoarte yn 1800 yn en waard mei behâld fan de perpendicular styl weropboud troch de arsjitekt John Johnson. It hegere diel fan it koer waard yn 1878 op 'e nij boud.

De tsjerke hat in toer mei trettjin klokken, der't tolve fan getten waarden troch John Warner & Sons yn Cripplegate en yn 1913 yn gebrûk nommen binne.

Tusken 1626 en 1629 wurke Thomas Hooker as lektor yn Chelmsford. Hy moast nij de Nije Wrâld flechtsje fanwegen syn puriteinske ideeën, stifte de stêd Hartford (Konnetikut) en wie ien fan de grûnlizzers fan de Amerikaanske demokrasy.

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1914 waard de tsjerke de katedraal foar it doe stifte bisdom Chelmsford.

Ynterieur

Ta oantins fan de Anglo-Amerikaanske freonskip en de yn Esseks legere bemanning fan de United States Air Force waard nei de Twadde Wrâldkriich yn 1953 it súdlike portaal fergrutte. Yn 1954 waarden as tsjerkepatroanen Sint-Petrus en Sint-Cedd tafoege.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur krige yn 1983 in grutte opknapbeurt mei in nije flier, nije stuollen, in nij alter, in nije biskopstroan, in nij doopfont en nije keunstwurken.

De tsjerke krige yn 1994 en 1995 twa nije oargels, ien yn it skip en ien yn it koer. De glês-yn-lead ruten fan de katedraal stamme út de 19e en 20e iuw.

Boppe de koerbôge hinget sûnt 2000 it byld fan Kristus yn Gloarje fan Peter Eugene Ball. Ek waard der yn 2004 opdracht jûn foar de nije keunstwurken foar it noardlik transept en it antependium yn de Mildmay-kapel.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de katedraal binne twa oargels, dy't alletwa yn 1994 troch de oargelboufirm Mander levere binne. It haadoargel stiet ûnder de toer op de westlike kreake en oriïntearret him op de Ingelske oargelbou fan de 19e iuw. It front is âlder en stamt fan in ynstrumint fan de oargelbouwer Arthur Hill. It ynstrumint besit fjirtich registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk. It ynstrumint lit him mei de spyltafel fan it koeroargel oanspylje.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Chelmsford Cathedral