Katarinakatedraal (Pûsjkin)

Ut Wikipedy
Katarinakatedraal

Екатерининский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
federale stêd Sint-Petersburch
plak Pûsjkin
koördinaten 59° 58' N 30° 25' E
bysûnderheden
type bouwurk katedraal (Russysk-Otterdoks)
boujier oarspr. 1840, rekonstruksje 2007-2010
sloopjier 1939
arsjitekt Konstantin Thon
monumintale status Argeologysk monumint fanwegen de fûneminten en it plein
monumintnûmer 7831574002
offisjele webside
soborekaterina.ru

De Katarinakatedraal (Russysk: Екатерининский собор: Jekaterinski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn it sintrum fan Pûsjkin. De tsjerke waard yn de jierren 2007-2010 boud en is in rekonstruksje fan de oarspronklike 19e-iuwske katedraal fan Konstantin Thon, dy't yn de jierren 1930 troch de bolsjewiken ferneatige waard. De katedraal stiet yn it dekanaat Tsarskoje Selo fan it bisdom Sint-Petersburch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Katarinakatedraal yn 1910

De opdracht foar de bou waard jûn troch tsaar Nikolaas I. It ûntwerp foar de katedraal wie ôfkomstich fan de ferneamde arsjitekt Konstantin Thon, bouwer fan de ferneamde Moskouse Kristus-Ferlosserkatedraal, dy't ek tafersjoch op de bou hold. De arsjitekt liet him beynfloedzje troch de tsjerke-arsjitektuer fan Sûzdal. De foltôge katedraal waard op 24 novimber 1840 ynwijd op de feestdei fan de hillige Katarina yn oanwêzigens fan Nikolaas I en tsarevitsj Aleksander Nikolajevitsj.

Om de katedraal waard yn 1842 in tún oanlein mei paden dy't nei de katedraal rûnen. Oan de paden waarden twahûndert popelieren út Nederlân plante.

In eigen klokketoer hat de katedraal nea hân; útstellen om yn it ramt fan it 200-jierrich bestean fan it doarp in by de katedraal passende toer te bouwen waarden nea útfierd.

Sovjettiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal nei de ferneatiging troch de bolsjewiken yn 1939

Fiif dagen nei it bestoarmjen fan it Winterpaleis waard de preester fan de katedraal, Ivan Коtsjûrov, fermoarde troch de bolsjewiken. Hy waard yn de dagen dat der slim fochten waard om Pûsjkin by in prossesje foar de frede arrestearre en dêrnei deasketten. As earste nije martler waard er op fersyk fan de parochianen yn de katedraal begroeven. Yn 1994 waard de preester hillich ferklearre. Yn it ramt fan de konfiskaasje fan tsjerklik besit yn 1922 waard der beslach lein op de besittings fan de tsjerke.

Op 1 juny 1938 tsjinne de distriksried fan Pûsjkin in fersyk yn by it presidium yn Sint-Petersburch om de katedraal te slopen. De katedraal hie neffens it fersyk fierder dochs gjin kulturele wearde. De tastimming waard ferliend en op 11 july waard de katedraal sletten. Moarnsier 10 juny 1939 waard de katedraal opblaasd en fuort dêrnei waarden ferskate plannen presintearre foar de werynrjochting fan it gebiet, maar fan dy plannen kaam net folle telâne.

Op 22 april 1960, op it hichtepunt fan in weach fan nije ferfolgings, waard op it âlde plak fan de katedraal in monumint foar Vladimir Lenin ûntbleate. Nei de fal fan de Sovjet-Uny waard dat monumint troch fandalen fernield.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikonostase

Yn it ramt fan de hillichferklearing fan Ivan Kоtsjûrov op 4 desimber 1994 waard in pear moanne letter in sân meter heech krús op it eardere katedraalplein oprjochte. It krús moast op straffe fan in boete wer ferwidere wurde. De otterdokse mienskip liet dêrop witte ree te wêzen alle kosten foar it ferwiderjen fan it Lenin-momumint betelje te wollen en wat letter liet in gemeentlike kommisje witte fan doel te wêzen it Lenin-monumint te ferwiderjen mar it soe yn de nacht fan 5 op 6 april 2004 troch ûnbekenden fan de sokkel helle en fernield wurde.

Yn it jier 2000 foltôge de haadarsjitekt fan it Tsarskoje Selo-museum Kedrinski in ûntwerp foar de rekonstruksje fan it sintrale plein. It plan gyng út fan in weropbou fan de Katerinakatedraal yn twa fazen. Yn 2001 folge it delsetten fan in nij houten krús op it plak fan de eardere katedraal, dat makke wie troch in muonts op de Solovetski-eilannen. Op 20 july 2006 waard in karitatyf fûns stifte foar de rekonstruksje fan de Katarinakatedraal yn Tsarskoje Selo.

Fanôf 2007 waard mei help fan âlde tekenings útein set mei de weropbou fan de Katarinakatedraal. Op 27 juni 2010 fûn troch patriarch Kirill it ritueel fan de grutte wijing plak fan de foltôge Katarinakatedraal. Dat barde tagelyk mei de festiviteiten fan it 300-jierrich bestean fan Tsarskoje Selo.

De katedraal is 53 meter heech en hat fiif koepels. Der is plak yn de tsjerke foar 2.000 minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Екатерининский собор (Пушкин)