Springe nei ynhâld

Katarina fan Aleksanderje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Katarina fan Aleksandrië)
Katarina fan Aleksanderje troch Carvaggio (1595-1596) mei har attribút, it rêd.
Houten byld fan de Hillige Katarina fan Aleksanderje yn de Sankt Franziskuskirche yn Zwillbrock. Nederrynsk, ± 1530.

Katarina fan Aleksanderje (287-305) is in hillige dy't fral yn de Midsiuwen tige populêr wie. Hja soe om hals brocht wêze fanwege har leauwen om't hja Kristus har faamwêzen tasein hie en dêrom keizer Maksentius net boaskje woe.

Katarina fan Aleksanderje hearde ta de populêrste hilligen fan de Midsiuwen. Mei dêrtroch is har libbensskiednis sa oerladen mei legindefoarming dat oer de wiere gong fan saken sa goed as neat mei wissichheid te sizzen falt.

Guon twifelje sels slim at hja ea bestean hat. Dêrom waard se yn 1969 mei guon oare hilligen (wêrûnder de hillige Margareta fan Antiochje, de hillige Kristoffer en op in wat oare wize de hillige Niklaas) fan de hilligenkalinder helle. Dochs komt se wer yn it direktoarium foar as frije gedachtenis, omdat dizze skrap-aksje, lykas wol mear yngrepen út dy perioade, al ferskate kearen ûnterjochte blykt is en it boppedat net wierskynlik is dat sa'n grutskalige ferearing op neat basearre wêze soe.

Neffens de leginde wie Katarina in frommes út in romroft patrysjerslaach. Hja koe alle wurken fan Plato al út de holle doe't se noch mar fyftjin jier âld wie. Se wie de Kristus mei hert en siel tagedien, en beloofde him har faamwêzen. Noch mar krekt neidat sy dat dien hie, rekke keizer Maksentius fereale op har. Op har wegering om mei him te trouwen, woe hy hat twinge har leauwe ôf te swarren ûnder bedriging mei grouwélige folterings. Ek stjoerde er syn fjirtich heidenske wiisgearen op har ôf om har te bekearen. Dat pakte lykwols oars út, en ynstee fan Katarina waarden de wiisgearen bekeard, ta it Kristendom. Dêrnei woe Maksentius har ferpletterje litte mei in rêd mei skerpe izeren punten. Ynstee fan Katarina bruts lykwols it rêd, troffen troch it wjerljocht. Hy woe har ferbaarne litte, mar it fjoer waaide útinoar en ferbaarnde de boalen. Op it lêst slagge it om har te ûnthalzjen. Ut har halswûne streamde molke dy't de stêd fan de pest befrijde.

Yn de Kristlike keunst is in rêd it fêste symboal (attribút) dêr't Katarina fan Aleksanderje mei ôfbyld wurdt.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint Catherine of Alexandria fan Wikimedia Commons.