Springe nei ynhâld

Katôba Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Katôba Yndianereservaat
Catawba Indian Reservation
Katôba-froulju wiene ferneamd om harren pottebakkerij.
Katôba-froulju wiene ferneamd om harren pottebakkerij.
polityk
haadplak Rock Hill (Súd-Karolina)
stamme Katôba Yndiaanske Naasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Karolina
sifers
ynwenners 841 (2010)
oerflak 2,8 km²
bef.tichth. 300,4 / km²
oar
stifting 1993
tiidsône UTC-5
simmertiid UTC-4
kaart
Katôba-froulju wiene ferneamd om harren pottebakkerij.
Yndianererservaten yn 'e steat Súd-Karolina. It Katôba Reservaat is werjûn yn read.

It Katôba Yndianereservaat (Ingelsk: Catawba Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Katôba Yndiaanske Naasje (Catawba Indian Nation) yn 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina. It bestiet út twa net oaninoar grinzgjende dielen dy't tegearre 700 acres beslane (sa'n 2,8 km²). It leit yn Lancaster County, tsjin 'e grins fan 'e steat Noard-Karolina oan, op 34°54′17″ noarderbreedte by 80°53′01″ westerlingte. Neffens offisjele gegevens fan Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe likernôch 841 minsken yn it reservaat. De sit fan it reservaatsbestjoer is de stêd Rock Hill, dy't bûten it eigentlike reservaat leit.

Yn 1763 waard oan 'e Katôba in reservaat taparte fan 144.000 acres (krapoan 583 km²), dat beide kanten fan 'e rivier de Catawba besloech, yn wat no de countys York en Lancaster binne. Dêr hiene de Katôba twa grutte doarpen, Newton en Turkey Head, oan wjerskanten fan 'e rivier. It wie lykwols dreech foar de yn oantal belúnjende Katôba om blanke kolonisten fan harren lân te hâlden, dat yn 1826 makken se fan 'e need mar in deugd troch likernôch de helte fan it reservaat oan kolonisten te ferpachtsjen foar in pear tûzen dollar jiers, wat yn dy tiid de wichtichste ynkomsteboarne foar de stamme wie.

Sa't te foarsjen west hie, begûnen de kolonisten it lân dat se bebouden úteinlik as har eigen te beskôgjen. Se setten it steatsregear fan Súd-Karolina ûnder druk om "harren" lân ek wier-wier yn eigendom te krijen. Dit foel krekt yn deselde tiid as de deportaasje fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen út it Amerikaanske Súdwesten oer it Spoar fan Triennen nei it Yndiaanske Territoarium yn Oklahoma, en om sa'n selde lot foar te kommen, wiene de Katôba twongen om yn 1840 akkoart te gean mei it Ferdrach fan Nation Ford, wêrby't se harren reservaat oerdroegen oan 'e steat Súd-Karolina. Yn ruil dêrfoar krigen se in jildbedrach en in oar stikje lân (mar gjin reservaat) tawiisd om op te wenjen. Dat ferdrach wie lykwols ab initio ("fan it begjin ôf oan") ûnjildich, om't Amerikaanske steaten neat te sizzen hawwe oer reservaatlân; dat falt útslutend ûnder it foech fan it federale regear en it Amerikaanske Kongres. Likegoed waard fan dy tiid de Katôba-stamme as opheft beskôge.

Yn 'e tweintichste iuw wûnen de Katôba yn 1941 pas nei lang krewearjen harren erkenning as Yndiaanske stamme werom, om him yn 1959 wer te ferliezen. Yn 1973 waard de Katôba Yndiaanske Naasje as moderne stamme-organisaasje oprjochte, dy't tweintich jier lang in juridyske striid mei Súd-Karolina en it Amerikaanske federale regear útfocht ear't op 't langelêst, yn 1993, in skikking troffen waard. Under de betingsten fan dy oerienkomst krige de Katôba Yndiaanske Naasje federale erkenning en waarden de lânrjochten op it âlde reservaat ôfkocht foar $50 miljoen. Mei in diel fan dat jild waard neitiid de grûn oanskaft dy't sûnt it Katôba Yndianereservaat foarmet.

Tsjintwurdich binne der yn it reservaat û.m. in bestjoerskantoar mei fjirtich wurknimmers, berne-opfang, in deibesteging foar âlderein, in kompjûterlab en in klinyk fêstige. It Catawba Cultural Center omfettet fierders in besikerssintrum dêr't men ynformaasje jout oer kultuer fan 'e Katôba. Ien kear yn it jier wurdt dêr de fiering holden fan Yap Ye Iswä, dat oerset wurde kin as "de Dei fan it Folk". Dat is in soarte fan merke of bazar, wêrfan't de opbringsten te'n goede komme oan it Catawba Cultural Center.

It Katôba Yndianereservaat is ien fan 'e earmere reservaten om't it net oer in eigen kasino beskikt. (In protte Yndianereservaten yn 'e Feriene Steaten hawwe dat wol, om't reservaatlân net ûnder de steatswetjouwing falt, dy't yn 'e measte Amerikaanske steaten gokken ferbiedt.) By de skikking fan 1993 waard lykwols troch it strang kristlike Súd-Karolina as betingst steld dat de Katôba yn harren reservaat gjin gokaktiviteiten ûntjaan mochten, útsein bingo en hokker oare foarmen fan gokken oft talitten binne ûnder de wetten fan 'e steat. De Katôba Yndiaanske Naasje hie fan 1996 oant 2007 in bingohal yn Rock Hill, en bout op 't heden in nijenien yn it reservaat. Mar mei bingo falt net sa rare folle jild te fertsjinjen, en yn 2007 ferlear de stamme in rjochtsaak om fideopoker en soartgelikense elektroanyske spultsjes oanbiede te meien. Dat no hawwe se in oanfraach yntsjinne om fan in stik grûn yn Kings Mountain, oer de grins yn Noard-Karolina, goed 70 km noardwestlik fan Rock Hill, in soarte fan depindânse fan harren reservaat meitsje te meien. Dêr wolle se dan in eigen kasino sette litte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.