Springe nei ynhâld

Kastiel fan Saint-Germain-de-Livet

Ut Wikipedy
Kastiel fan Saint-Germain-de-Livet

Château de Saint-Germain-de-Livet

bouwurk
lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Saint-Germain-de-Livet
koördinaten 49° 05' 21" N 0° 12' 53" E
bysûnderheden
boujier 15e en 16e iuw
monumintale status Histoarysk monumint

It Kastiel fan Saint-Germain-de-Livet is in histoarysk monumint yn de gemeente Saint-Germain-de-Livet yn it Frânske departemint Calvados. It kastiel datearret út de 15e en 16e iuw. Sûnt 1957 is de stêd Lisieux eigner. Is kastiel is fan binnen allinne mei in gids te besjen.

It hjoeddeiske kastiel datearret fan de 15e iuw en it begjin fan de 16e iuw en is wat boustyl oanbelanget in kombinaasje fan midsiuwske en renêssânse eleminten. It diels houten hûs is 15e-iuwsk, wylst it stiennen gebou mei de glazuere bakstien 16e-iuwsk is. Château de Saint-Germain-de-Livet waard boud op it plak fan in midsiuwske kastiel yn opdracht fan Robert de Tournebu, hear fan Livet. Fan it âlde kastiel bleau de grêft bewarre.

It kastiel bleau eigendom fan de famylje de Tournebu oant it ferstjerren fan Marie-Pierre de Tournebu yn 1810. Dêrnei gyng it yn eigendom oer op de famylje Foucault, dy't it oant 1879 yn harren besit hold. De lêste eigners wiene Julien en Augusta Pillaut. Hja bleaune oant harren dea yn 1947 (Julien Pillaut) en 1957 (Augusta Pillaut) op it kastiel wenjen en ferstoaren sûnder bern.

It kastiel waard troch de Pillaut's neilitten oan de stêd Lisieux.

Tsjintwurdich tsjinnet it kastiel as museum. Yn it kastiel is it meubilêr fan de famylje Pillaut en in keunstkolleksje te sjen. Dêrûnder ek skilderijen fan syn pake, de romantyske skilder Léon Riesener (1808-1878), sels in pakesizzer fan de ferneamde meubelmakker Jean-Henri Riesener en neef fan Eugène Delacroix.