Springe nei ynhâld

Kastiel fan O

Ut Wikipedy
Kastiel fan O

Château d'Ô

bouwurk
lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Mortrée
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 15e-16e iuw
boustyl Gotyk renêssânse
monumintale status Histoarysk monumint

It Kastiel van O (Frânsk: Chateau d'Ô) is in wetterboarch yn Mortrée, noardlik fan Alençon yn it departemint Orne (Normandje), Frankryk.

It gebou giet werom op in midsiuwske boarch fan de 11e iuw, mar it hjoeddeiske kastiel waard tsjin it ein fan de 15e iuw en it begjin fan de 16e iuw boud. It kastiel is yn partikulier besit, mar it kin besichtige wurde.

Sûnt septimber 1964 is it in histoarysk monumint. Yn maaie 2002 waard ek it grutte park, dat fan de gemeente is, oan de moumintelist tafoege.

It kastiel waard boud op de grûn dat de widze wie fan in tige âlde Normandyske famylje, werfan't de earst bekend telch Robert d'Ô wie, dy't yn 1035 mei de hartoch fan Normandje Robert I nei it Hillige Lân op pylgertocht gyng. Mei de bou fan it hjoeddeiske kastiel waard yn de 15e uiw útein set; it waard foltôge yn de 16e iuw troch François d'O. Hy wie de lêste fan it laach en libbe sa rynsk, dat it kastiel yn in faillissemint telâne kaam.

Op it besit waard troch de Kroan beslach lein en it waard yn 1611 ferkocht oan Alexandre de la Guesle. Yn 1647 kocht de famylje Montagu it kastiel, foardat it yn 1795 yn eigendom oergyng op Charles Valentin Roques. Syn famylje brocht ek feroarings oan it kastiel oan. Sa lieten hja bygelyks de oranzjery yn de tún bouwe.

Sûnt 1841 wie de famylje Albon eigner dy't de grêften grutter makken. Under de lêste erfgenaam fan dy famylje rekke it yn ferfal en droege de grêft op. It kastiel kaam yn 1878 yn hannen fan in spekulant en it lângoed waard ferdield en los fan inoar ferkocht. Ek it meubilêr en de bibleteek waarden ferkocht.

It kastiel waard ek noch in skoft brûkt as fekânsjehûs foar bern fan marinepersoniel. Foar dat doel waard it ynterieur ferboud, werby't it kastiel in soad fan it histoaryske karakter ferlear. Doe't de skriuwer Jacques de Lacretelle it slot mei syn frou Yolande kocht setten hja útein mei in restauraasje. Hja lieten de âlde ringmuorre restaurearje, de fresko's restaurearje en de grêften wer mei wetter folrinne. It kastiel krige wer passend meubilêr en it waard iepene foar it publyk.