Springe nei ynhâld

Kastiel fan Durham

Ut Wikipedy
Kastiel fan Durham
Durham Castle
bouwurk
It kastiel fan Durham mei op de eftergrûn de katedraal.
It kastiel fan Durham mei op de eftergrûn de katedraal.
lokaasje
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
greefskip Durham (greefskip)
plak Durham
koördinaten 54°46′29″ N 1°34′34″ W
bysûnderheden
type bouwurk kastiel
boujier 11e iuw
monumintale status wrâlderfgoed

It Kastiel fan Durham (Ingelsk: Durham Castle) is in Normandyske boarch yn de stêd Durham yn it greefskip Durham, Ingelân. De boarch stiet op in heuvel boppe de rivier de Wear foar de katedraal fan Durham oer. It kastiel foarmet mei de katedraal wrâlderfgoed fan UNESCO.

De boarch waard oarspronklik yn de 11e iuw boud om de biskop fan Durham tsjin ynfallen te beskermjen. Yn dy tiid wie it noarden fan Ingelân, benammen nei de ferovering fan it lân troch de Normandjers yn it jier 1066, in tige ûnrêstich gebiet. De boarch stiet model foar de yn dy tiid yntrodusearre Normandyske arsjitektuer.

De yn de iere 14e iuw troch biskop Antony Bek boude ridderseal (Great Hall) wie yn dy tiid de grutste yn hiel Grut-Brittanje oant biskop Richard Fox de hal tsjin it ein fan de 15e iuw lytser makke. Hjoed-de-dei is de Great Hall 14 meter heech en mear as 30 meter lang.

It kastiel hat twa kapellen: de Norman Chapel, boud om 1078 hinne, en de Tunstall's Chapel (ferneamd nei biskop Cuthbert Tunstall), boud yn 1540.

De Norman Chapel is it âldste diel fan de boarch en ek it âldste bouwurk fan de stêd. De bou mei syn ryk bewurke kapitelen stamt út 1080 en is fan Saksyske oarsprong, nei alle gedachten fanwegen it feit dat Saksen twongen waarden om de kapel te bouwen. Yn de 15e iuw liet biskop Hatfield de keep (donjon of haadtoer) fergrutsje, wêrtroch't de kapel net mear tagonklik waard. Mooglik is dat de reden wêrom't de kapel fierder sûnder feroarings en oanpassings troch de tiid kommen is.[1] Oant 1841 waard de kapel net mear brûkt en dêrnei tsjinne er as passaazje nei de donjon. Yn de Twadde Wrâldkriich brûkte de Royal Air Force de kapel as kommandopost en waard it oarspronklike belang ûntdutsen. Koart nei de oarloch waard de kapel wer ynsegene en ek tsjintwurdich wurdt de kapel alle wiken brûkt foar tsjerketsjinsten.

De Tunstall's Chapel, de grutste fan de twa kapellen, wurdt faker foar tsjinsten brûkt, mar ek foar konserten. De bou fan de kapel waard ûnder biskop Cuthbert Tunstall yn 1540 foltôge oan it begjin fan de reformaasje.[2] De biskoppen Cosin en Crewe fergrutten de kapel yn it lêste diel fan de 17e iuw. Achter yn de kapel binne noch 16e-iuwske misericordes.

De donjon

Universiteitskolleezje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1837 droech biskop Edward Maltby de boarch oer oan de nije Universiteit fan Durham as wenromte foar studinten. De boarch krige doe de namme University College. De fiktoriaanske arsjitekt Anthony Salvin rekonstruearre de ferfallen donjon neffens de oarspronklike plannen. Yn 1840 waard it kastiel wer iepene en tsjintwurdich wenje der noch jimmeroan mear as 100 studinten, dêr't de measten fan yn de donjon ûnderbrocht binne.

Foar it publyk is de boarch allinne yn it ramt fan rûnliedings tagonklik.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Durham Castle