Kastiel Rynestein
Appearance
Kastiel Rynestein is in kastiel en ridderhofstêd yn Cothen yn de gemeente Wyk by Duurstede. It stiet op de rjochterouwer fan de Kromme Ryn.
Yn 1248 waard it kastiel foar it earst neamd. Yn 1368 sette rôfridder Jan fan Rynestein him ta wenjen yn it kastiel. Hy gizelt yn dit slot goudsmidten út Parys en krijt der losjild foar.
Yn 1396 waard 't Goy troch Jan fan Rynestein en syn manskippen plondere. Yn opdracht fan biskop Freark fan Blankenheim belegere burchgreven Hindrik II fan Vianen it kastiel trije dagen lang. Nei ôfrin waarden 300 soldaten finzennomd en wie it kastiel slim tehavene.
Yn de iuwen dêrnei wienen der ferskate ferbouwings. Allinnich de âlde toer is noch orizjineel.
-
Rynestein
-
Rynestein
-
Rynestein
-
poartegebou Rynestein
-
poartegebou Rynestein
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|