Springe nei ynhâld

Freark fan Blankenheim

Ut Wikipedy

Freark fan Blankenheim (Kasselburg (by Pelm yn 'e Eifel) om 1355 hinne - Kastiel Ter Horst (Loenen, 9 oktober 1423 wie biskop fan Straasburch fan 1375 oant 1393 as Freark II en fan Utert fan 1393 oant 1424 as Freark III.

Straasburch en Utert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freark fan Blankenheim studearre rjochten yn Parys en waard yn 1375 beneamd ta biskop fan Straasburch. Syn bewâld dêre wie gjin súkses en mei help fan hartoch Willem I fan Gelre en Gulik waard er oerpleatst nei Utert, dêr't er him as in bedreaun lieder sjen liet. Hy wist, stipe troch de partij fan de Lichtenbergers, syn rjochten jilde te litten yn de Stiftske stêden en adel en de foarsten fan njonkenlizzende Hollân en Gelre. Hy fersterke it biskoplik gesach yn it Oerstift en twong de stêd Grins syn gesach te erkennen. Yn 1407 joech er de stedsrjochten oan Coevorden.

As bûnsgenoat fan greve Willem VI fan Hollân die er mei oan de Arkelske krigen fan 1405, dêr't er Hagestein yn besit krige. De Hollânske partijtsierderijen om Jakoba fan Beieren twong de jierrige biskop yn 1419-1422 noch in kriich mei Hollân en Gelre út te fjochtsjen, dêr't it Stift noch mar krekt oerein stean bliuwe koe.

Tsjerklike saken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy sels naam tsjerklike saken net persoanlik waar. Dy waarden behannele troch in goed organisearre bestjoer. Yn syn plak hannele de suffragaan Hubertus Schenck, dy't titulêr biskop fan Hippus yn Palestina, episcopus Yppusensis, wie.

Hy wie tydlik behearder fan de administraasje fan it Prinsbisdom Basel (1391-1393), dêr't Imer fan Ramstein opstapt wie. Hy wie in beskermer fan de Moderne Devoasje, dat yn de Bruorren fan it Miene Libben belicheme wie.

Freark fan Blankenheim ferstoar op 9 oktober 1423 en waard begroeven yn de Dom fan Utert.