Kastiel Keppel
Kastiel Keppel | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
plak | Laag-Keppel | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kastiel | |
boujier | 17e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22838 [1] | |
offisjele webside | ||
Side 'Landgoed Keppel' |
Kastiel Keppel is in 17e-iuwsk kastiel yn it stedsje Laag-Keppel yn de provinsje Gelderlân. It kastiel wurdt omfieme troch it wetter fan de Alde Isel, waard yn 1582 ferneatige mar neitiid wer opboud.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om in midsiuwske wentoer út likernôch 1300 ûntstie in kastiel, dêr oant de 16e iuw net in soad feroare wêze sil. Troch kriichsgeweld ferfoel it kastiel tusken 1582 en 1609 yn brekfalligens, mar sûnt 1609 waard útein set mei in weropbou. Yn 1612 krige boumaster Willem fan Bommel út Emmerich de opdracht om it hiele kastiel wer op te bouwen. Dêrby brûkte er de stiennen fan de noch steande muorren op 'e nij. Tusken 1614 en 1620 waard de renêssânse topgevel tsjin de sydgevels fan de poarte foltôge. In útwreiding fan it kastiel fûn yn de jierren 1743-1750 plak, doe't boumaster Gerrit Ravenschot út Sutfen in al earder tekene ûntwerp út 1729 oan de efterkant útfierde. It poartegebou ûndergyng yn 1780 grutte feroarings. Mei it ferbinen fan de Isel- en de Sealfleugel yn 1850 waard de bou foltôge.
Striid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benammen yn de Tachtichjierrige Kriich wie der om it kastiel hinne in soad striid. Yn 1581 waard it kastiel nei in belegering oernommen troch de Steatske troepen. Frederik fan Pallandt, soan fan Johan fan Pallandt en Elisabeth fan Voorst en Keppel, slagge by in tsjinoanfal der yn it kastiel op 'e nij yn te nimmen. Yn septimber 1582 waard it kastiel foar in twadde kear troch de Steatske troepen oanfallen. Dat moast tige hoeden barre fanwegen de grutte foarried buskrûd, sadat it kastiel op âlderwetske wize ynnommen wurde moast wêrby't it gebou tige skeind rekke. Nei de weropbou fan it kastiel namen troepen fan biskop Bearend fan Galen yn 1665 it kastiel yn. Nei't hja de ferdigeningswurken om it kastielsljochte hiene, teagen hja wer fuort. Yn 1672 rjochte Loadewyk XIV it kastiel yn as haadkertier, mar yn datselde jier brochten plonderjende Frânske en Munsterske troepen skea oan it kastiel oan. Nei de Frâns-Nederlânske Kriich (1672-1679) briek foar it kastiel in frediger tiid oan.
Besit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1962 is it kastiel yn hannen fan de Pallandt van Keppel Stifting, dy't der foar soarge dat it kastiel, de ynrjochting en it park by inoar bleau, sadat it noch troch de famylje bewenne wurde kin. It kastiel is nea ferkocht en de hjoeddeiske bewenners stamme fan de 14e-iuwske bouhear ôf. Kastiel Keppel foarmet ûnderdiel fan in lângoed, dat yn de 19e iuw noch 1600 hektare grut wie, mar yn de 21e iuw slonken is ta 560 hektare. It bestiet út bosk, wenhûzen en in tal pleatsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|