Kastiel De Vanenburch
| Kastiel De Vanenburch | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Putten | |
| koördinaten | 52°16' N 5°33' E | |
| Skiednis | ||
| boujier | 19e iuw | |
| Oars | ||
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 530629 [1] | |
| Webside | ||
| www.kasteeldevanenburg.nl | ||
| Kaart | ||
Kastiel De Vanenburch is in 19e-iuwsk bûten yn Putten yn de provinsje Gelderlân.
De namme Vanenburg, of yn dy tiid Vaenborch, wurdt foar it earste neamd yn 1389 doe't it as besitting fan de abdij Abdinghof yn Paderborn oan Wolf fan Putten te lien yn waard. De measte ynformaasje út de iere midsiuwen dy't fan it kastiel beskikber is, komt út de argiven fan trije kleasters: it kleaster te Werden, it Sint-Vituskleaster yn Elten en Abdinghof te Paderborn. De kleasters krigen fan grutgrûnbesitters stikken lân as geskink. Omdat de ôfstân tusken de kleasters en de kado dienen stikken grûn sa grut wie, waard it deiske behear fan de lannen oerdroegen oan de bewenner fan de wichtichste pleats fan it goed. Yn 1559 kocht it kleaster yn Paderborn de lannen yn Putten fan it kleaster yn Werden derby. Hjirby hearde ek it "gut tho Nulde", dat letter de Vanenburch wurde soe.
Neidat it lângoed yn de tiid dêrop ferskate kearen ferhierd en trochferkocht is, wie it yn 1622 kompleet yn hannen fan Jan fan Angeren. Nei syn dea waard it lângoed ferdield ûnder syn bern, en út ien fan de dokuminten út dy tiid is fêststeld dat der in hûs op it lângoed stie. Dat hûs soe net op itselde steed stien hawwe as it hjoeddeiske hûs fan de Vanenburch, mar neffens de oerlevering "een kwart uur gaans westelijk van de nieuwe". Yn 1637 waard it lângoed ferkocht oan Peter fan Appeltoorn, wêrnei't it nei syn dea yn it iepenbier ferkocht waard. De heechste bieder wie Hendrick fan Essen dy't it lângoed kocht. Yn 1664 joegen Hendrik fan Essen en syn twadde frou Geertruid Margarethe fan Varick de Amsterdamske arsjitekt Philips Vingboons opdracht in lânhûs te ûntwerpen op it lângoed Vanenburg. Dat hûs wie lykas Vingboons skreau 'soo sterck gebouwt van dicke Muuren, swaer van balcken en andersints, als een sterck Landt-huys soude kunnen gemaeckt worden'. It wapen fan de opdrachtjouwers mei it jiertal 1665 waard boppe de yngong setten. Dy stien mei it alliânsjewapen Fan Essen-Fan Varick sit no noch yn it fronton fan it hjoeddeiske lânhûs. De foarm dy't hy oan it gebou joech is noch altiten de basis fan it hjoeddeiske Kastiel De Vanenburg.

Fan 1389 -1645 hie it kastiel in agraryske funksje. Hendrick fan Essen wreide it hûs flink út en joech it mear it karakter fan in bûtenpleats, mei behâld fan de agraryske funksje. Syn neiteam hold it oant it begjin fan de achttjinde iuw yn stân. It is net ienfâldich om efterôf in goede skieding oan te bringen tusken de ekonomyske en de rekreatieve funksje fan De Vanenburch yn dy tiid. It kastiel wie oan de iene kant in plak dêr’t ‘de heeren’ zich even konden ‘vermeyen’, har ferdivedearje koenen yn in natoerlike omjouwing. Oan de oare kant hie de bûtenpleats dochs ek in soad wei fan in agrarysk bedriuw.
Yn 1868 waarden Anne Frederika van Pallandt-van Goltstein en har man eigener fan De Vanenburg. Se joegen opdracht om in nij hûs te ûntwerpen en te bouwen. Mooglik ynspirearren twa filla’s dy’t yn 1860 oan it Willemspark yn De Haach boud waarden de tekener. De basis fan it kastiel bleau mei de nijbou yntakt; de bygebouwen waarden ôfbrutsen en ferfongen.
Yn de tweintichste iuw waard it kastiel brûkt as fakânsjekoloanje en als opliedingsskoalle Beskerming Boargerbefolking fan de oerheid. Troch ferfal en modernisearrings drige it kompleks ferlern te gean. Sûnt 1996 brûkte de Vanenburg Group it gebou en dy brocht it yn de oarspronklike steat. It lângoed wurdt tsjintwurdich brûkt as kongres-, gearkomst- en hotelakkommodaasje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
