Springe nei ynhâld

Kastiel De Essenburgh

Ut Wikipedy
Kastiel De Essenburgh
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Hierden
adres Zuiderzeestraatweg 199
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 1652
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 20256 [1]

Kastiel De Essenburgh is in kastiel en lângoed yn de gemeente Hurderwyk yn de provinsje Gelderlân. It kastiel stiet tusken de doarpen Hierden en Hulshorst.

Alhoewol't by argeologysk ûndersyk gjin resten fan in earder gebou fûn binne, wurdt der troch guon oannommen dat er in midsiuwske foargonger west hat. Neffens de gevelstien fan it tsjintwurdige kastiel wie 1652 it jier dat it boud waard. Johan Coolwagen wie de opdrachtjouwer en besocht him mei it kastiel as statussymboal sa yn it Ridderskip fan Feluwe te wrotten. Dat slagge him lykwols net en hy moast lang om let it hûs oan syn skuldeaskers ferkeapje.

Yn de rin fan de tiid ferwiksele it kastiel in pear kear fan skaai. De lêste eigner fan it Sandberg-skaai, dy't de lesten net mear drage koe, ferkocht it kastiel en lângoed tusken 1924 en 1927 en ornearre dat it kastiel tenei nea wer de namme 'Essenburg' drage mocht.

Yn 1929 waard it fertutearzge bouwurk oankocht troch de keunsthistoarikus dr. Johanna Suzanna de Jongh (1877-1946), widdo fan Adriaan Goekoop (1859-1914). Hja liet it kastiel renovearje en in gevelstien oanbringe mei de tekst Renovata anno 1929. De keunsthistoarikus hold har oan de eask fan de lêste eigner en liet oan dy namme in "h" tafoegje, sadat it kastiel tsjintwurdich De Essenburgh hjit. Hja ferhûze yn de jierren út it kastiel nei Ginneken en der folge in skoft leechstân.

It troch de premonstratinzerske bruorren as kleastergebou ferboude koetshûs

Oan it begjin fan de Dútske besetting fan ús lân brûkte de Wehrmacht it kastiel. Healwei de kriich waarden der âlden fan dagen en beheinde minsken út de kuststreken yn it kastiel ûnderbrocht. Sûnt 1944 wie de siler Bernard Carp (1901-1966) eigner. De lêste tiid fan de kriich brûkte de Hermann Goering Divyzje it kastiel. De oerheid naam it kastiel yn 1945 yn beslach en brûkte it foar de opfang fan dakleazen út Arnhim. Carp hie yn de kriich gearwurke mei de Dútsers, pykte út nei Súd-Afrika en waard by ferstek feroardiele. Nei 1947 stie it kastiel leech oant it yn 1950 ferkocht waard oan de Norbertinen fan de abdij fan Berne út it Brabânske Heeswijk-Dinther.

It kastiel tsjinne no as priorij en de bruorren setten harren yn foar de opbou fan parochy's op de Feluwe en de Iselmarpolders en it beboskjen fan de omjouwing. Sûnt 1977 wenje de brourren fan de priorij allinne noch yn it yn 1959 ferboude koetshûs. De Bruorren brûkten it kastiel as sintrum foar oplieding, jongereinwurk en Bibelstúdzje. Yn 1992 folge ek in fêstiging fan in mienskip foar froulju. Dy mienskip krige de namme Mariëngaard en wennet yn de nijbou út de jierren 1990 noardlik fan it kastiel.

Sûnt 1965 wurdt it kastiel sels ferhierd oan in foarmingssintrum. It gebou wurdt hjoeddedei ek brûkt foar de eksploitaasje fan in hotel.

Yn de jierren 1921-1923 waard yn opdracht fan Cornelis Johannes Sandberg yn it buorskip Leuvenum by Ermelo in kopy fan De Essenburgh boud, sa't it der yn dy tiid útseach. It Hûs fan Leuvenum en De Essenburgh wiene beide yn it besit fan itselde skaai Sandberg.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: