Springe nei ynhâld

Kariljon (Drachten)

Ut Wikipedy
It kariljon yn Drachten

It Kariljon yn Drachten is ûntwurpen troch arsjitekt Gunnar Daan en waard boud yn 1996.

It kariljon stiet op it plak dêr't yndertiid de brêge oer de Drachtster Kompanjonsfeart lei. Op de draachbalken stiet in tekst fan de skriuwer en dichter Harmen Wind. Dy tekst, yn it Nederlânsk (bûtenkant) en it Frysk (binnenkant), ferwiist nei de fjouwer eleminten; ierde, fjoer, wetter en loft.

Tekst op it kariljon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uit aarde zijn wij geboren
het vuur staken wij uit de grond
het water droeg ons welvaart
lucht legt ons een lied in de mond

Ut ierde binne wy berne
it fjoer stutsen wy út de grûn
ta wolfeart woe it wetter ús drage
de loft hat in tankliet ús jûn