Kapel fan Haskerdiken

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kapel fan Haskerdiken

De Kapel fan Haskerdiken is in tsjerkegebou oan de Kapellewei yn Haskerdiken.

De sealtsjerke út 1818 waard boud op it plak fan in midsiuwske kleasterkapel (bekend troch Sillige Dodo). De tsjerke stiet tusken de Rykswei 32 en de Hearresleat en aan de pylgersrûte Jabikspaad.
De tsjerke hat in trijesidich sluten koar, rûnbôgefinsters en in geveltoer mei ynsnoerde spits. Boppe de yngong sit in gevelstien út 1818:

Christo Sacrum
Anno MDCCCXVIII mense april I
restauratum est hoc templum
Ferdinando Adriano van Boelens
bonorum dominialium Quaes
toris munere in Frisia
Groning et Drenthia
funcente
.

Yn juny 2012 is de tsjerke troch de protestantske gemeente It Hearrenfean oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt brûkt as atelier en der wurde rou- en troutsjinsten, konserten en earetsjinsten holden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4