Kankan
Kankan | ||
Kaart fan Guinee | ||
Polityk | ||
Lân | Guinee | |
Regio | Kankan | |
Prefektuer | Kankan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 207.790 (2009) | |
Hichte | 370 m |
Kankan (Maninka: Kánkàn) is in stêd yn it easten fan Guinee, oan de rivier de Milo (sydrivier fan de Niger) op likernôch 500 kilometer fan de haadstêd Konakry. It is it haadplak fan in regio mei deselde namme, de Kankan en fan de prefektuer Kankan yn dy regio. Yn 2009 wie it ynwennertal sa'n 200.000 rûsd. It is de tredsgrutte stêd fan it lân. De befolking bestiet fral út Mandinka.
It plak waard yn de 17e iuw stichte troch de Soninke en wie letter de haadstêd fan it Bateeryk, en ek in wichtich hannelsplak, benammen yn kolanuten. Yn 1879 waard Kankan ferovere troch Samori Ture (de stichter fan it Wassoulouryk) en yn 1891 waard it fan de Frânsken beset.
De stêd hat in troch de centrale de coopération économique (CCCE; ûnderdiel fan de AFD) en Geocoton finansiere fabryk foar it egrenearjen fan katoen. Yn de omkriten fan de stêd wurdt njonken katoen ek sorghum, fruit en stynske weet boud.
De stêd is it einpunt fan in smelspoarferbining fanôf Konakry. De N1 (nei it suden fan it lân) ferbynt Kankan mei Nzérékoré, de twadde stêd fan Guinee. Kankan hat de lofthaven Kankan en ek in haven.
De stêd is ferneamd fan syn universiteit (Université de Kankan), syn religieuze skoallen en syn mangobeammen. Teffens stiet dêr ien fan de âldste moskeeën fan West-Afrika. Sa'n 40 kilometer nei it noardeasten leit it religieuze Mandinka-plak Gberedou-Hamana (neamd nei de beide regio's dêre)