Kampus Fryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kampus Fryslân (RUG))
Kampus Fryslân
(Ryksuniversiteit Grins)
Namme
Ynternasjonale namme University of Groningen Campus Fryslân
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Ljouwert
Oare bysûnderheden
Oprjochting 2018
Tal studinten 100 (2018) [1]
Offisjele webside
www.rug.nl/cf

De Kampus Fryslân is in fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins dy't fêstige is yn de Fryske haadstêd Ljouwert.

De fakulteit rjochtet him benammen op it multydisiplinêr bestudearjen fan wittenskiplike fraachstikken dy't gearhingje mei maatskiplike en ekonomyske tema's dy't te krijen hawwe mei Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kampus Fryslân is fêstige yn it eardere Beurs- en Waachgebou oan de Wurdumerdyk. De biblioteek dy't der jierren lang yn fêstige wie, ferhuze nei de Blokhûspoarte. Yn juny 2016 waard it gebou oanwiisd as nij haadketier foar e Fryske fakulteit en yn novimber 2017 hawwe de Ryksuniversiteit Grins en de gemeente Ljouwert it oerdragen fan de eigendom ûndertekene.[2] It ûntwerp foar de renovaasje is fan J. O. N. G. arsjitekten.[3] Op de foargevel fan it gebou stiet de Ingelske namme university of groningen campus fryslân.[4] Op 13 septimber 2018, goed twahûndert jier nei it slute fan de Universiteit fan Frjentsjer, hat Fryslân folslein universitêr ûnderrjocht werom.[5] Der wie earder ek al ris besocht om dizze campus fan de grûnte krijen. Yn 1976 waard der yn itselde gebou in Subfakulteit Sosjale Wittenskippen yn Ljouwert (SSWL) troch de Ryksuniversiteit Grins (RUG) oprjochte mei as stêf fiif heechleararen en in tsiental dosinten. Dy universitêre oplieding bleau oant 1985 bestean en levere guon tsientallen studinten mei in doktoraaldiploma ôf. Yn it ramt fan grutte besunigings yn de 1980-er jierren stjitte RUG de oplieding ôf en waarden de studinten oan fakulteiten yn Grins oerdroegen. Nei tritich jier is dit nije universitêre inisjatyf it twadde sûnt it opheffen fan de Universiteit fan Frjentsjer. De offisjele iepning fûn plak op 31 oktober 2019.[6]

Underrjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kampus Fryslân bestiet út trije parten: in University College, in Master College en in Graduate School. Mei it úteinsetten fan de bachelor Global Responsibility & Leadership en de master Sustainable Entrepreneurship in Graduate School en in Research Institute is kampus Fryslân sûnt septimber 2018 offisjeel de alfde fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins.

It hjoeddeistich oanbod:

Bachelor
  • BSc Global Responsibility & Leadership
  • LLB Rjochtsgeleardens BA (allinnich propedeuse)
Master
  • Sustainable Entrepreneurship (MSc)
  • Governance and Law in Digital Society (LLM)
  • Tourism Geography and Planning (MSc)
  • Multilingualism (MA)
  • Water Technology (joint degree)
  • voice Technology (MSc)

University College Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2018 waard mei it University College Fryslân (UCF), dat de brede oplieding BSc Global Responsibility & Leadership oanbiedt, úteinset. It opliedingsprogram waard inspirearre op de Sustainable Development Goals fan de Feriene Naasjes. It GRL-program bestiet út ynfier fan minske- en sosjale wittenskippen, natoerwittenskippen en ynformaasjetechnology.

Undersyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De promoasjetrajekten fan Kampus Fryslân falle ûnder de Graduate School. It ûndersykswurk fan de akademyske meiwurkers falle ûnder it Research Institute. It ûndersyk jout benammen omtinken op it mêd fan Health & Food (sûnens & iten), Sustainable Economy (duorsume ekonomy), Culture, Language & Technology (kultuer, taal & technology) en Governance (bestjoer).

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 oktober 2018 naam eardere dekaan prof. dr. Jouke de Vries de posysje fan foarsitter Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins[7]. Prof. dr. Andrej Zwitter folge Jouke de Vries op as dekaan fan Kampus Fryslân. Njonken ûndersyk en ûnderwiis is it Akademysk Klimaat yn Fryslân in tema dêr't Kampus Fryslân him foar ynset. Dat bart troch it organisearjen fan iepenbiere eveneminten sa as bygelyks in Wittenskipskafee, Museum Universiteit lêzings en it meidwaan oan Studium Generale Ljouwert.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: