Springe nei ynhâld

Cajuns

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kajun)
It wengebiet fan 'e Cajuns.
Persintaazje Cajuns yn de FSA yn 2000

De Cajuns binne in etnyske groep yn de Amerikaanske steat Louisiana. Se stamje ôf fan Frânske kolonisten dy't harren ynearsten festige hienen yn it Kanadeeske Akaadje en dy't dêrwei nei Louisiana teagen. De krite dêr't se wenje wurdt de "Cajun Triangle" neamd en rint rûchwei tusken New Orleans, Lake Charles en Alexandria.

Akaadje wie eartiids in Frânske koloanje yn Kanada, yn de tsjintwurdige provinsje Nij Brunswyk en Nova Scotia. De befolking wie Frânstalich. Yn 1713 waard it Ingelsk en nei in tiidrek fan ûnderlinge spannings waard yn 1755 it meastepart fan de Frânske befolking troch de Ingelsken ferdreaun. Se kamen yn de sompen (bayous) fan Louisiana terjochte, dat doe noch fan de Frânsken wie. De Amerikanen, dy't it gebiet yn 1803 fan Napoleon kochten, neamden harren "Acadians". Yn it Amerikaansk-Ingelsk is dy beneaming geandewei ferbastere ta Cajuns, de tsjintwurdige namme foar de befolking, en Cajun, foar harren muzyk en itensiederij.

De taal fan de Cajun-befolking, Cajun-Frânsk oftewol patois ("plat"), wurdt distiid noch mar troch in lyts part fan de befolking sprutsen; fral troch de âlderein yn de deistige omgong. Sûnt de sechstiger jierren fan de foarige iuw is der wol fernijde belangstelling foar de taal en wurde der in protte kulturele aktiviteiten yn dy taal dien, faak op inisjatyf fan de steat Louisiana. Lykwols rint it oantal Frânsksprekkers hurd tebek.

De Cajuns hawwe in eigen muzykstyl, de Cajun-muzyk. Dy muzykfoarm is om 1900 ûntstien troch in mingeling fan âlde Frânske folksmuzyk en de muzyk fan oare ymmigranten lykas û.o. Dútsers en ek de perkusjonistyske ritmyk fan de Kreoalen yn Louisiana. De diatoanyske akkordeon (lûkharmoanika mei tsien knoppen) spilet in wichtige rol, begelaat troch fioele en triangel ('tit fer oftewol: "lyts izer"). Meastentiids wurdt mei hege stem derby songen yn it Cajun-Frânsk.