Springe nei ynhâld

Kabinet fan de Kening

Ut Wikipedy

It Kabinet fan de Kening of Kabinet fan de Keninginne, (In Nederlân eartiids: Kabinet des Konings) is it amtlike sekretariaat fan de Nederlânske kening dat de skeakel is tusken it steatshaad en ministers. [1]

It Kabinet fan de Kening stipet de kening by syn taken as lid fan it regear. Dy taak komt ûnder mear ta utering by de ûndertekening en argivearring fan offisjele steatstikken, lykas wetten en keninklike besluten.

Dêrneist hat it Kabinet taken op it mêd fan de fersykskriften en graasjefersiken en by it fêststellen fan de aginda fan de kening. Oan it haad fan it Kabinet fan de Kening stiet in direkteur. In Fryske direkteur wie de Jouster Jhr P.J. Vegelin van Claerbergen, fan 19 july 1899 oant augustus 1910.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: