Springe nei ynhâld

Makkumer Mar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kâldmar)
Makkumer Mar
bysûnderheden
oerflak 260 ha
drûchlein 1876-1897

De Makkumer Mar of Kâlde Mar wie in mar oan de eastkant fan Makkum. De mar waard drûchmakke tusken 1876-1879, tagelyk mei de Parregeaster Mar en de Warkumer Marren dy't súdliker leinen. By Keninklik Beslút 1874 krige L.C. Ledeboer fan Makkum de konsesje ta drûchmeitsjen. Yn 1967 Fryske Lânoanwinningsmaatskippij.

Ien fan de betingsten wie it 'graven' fan in skipfeartkanaal (sjoch Van Panhuyskanaal) dwers troch de mar tusken de Grutte Sylroede en Kakeshoek. De sa ûntstiene Noarder- en Sudermarpolders binne mei in grûndûker mei elkoar ferbûn. Yn 1876 naam de steat de trije marren oer. It drûchmeitsjen barde ûnder stoom. It gemaal yn de noardwesthoeke Sudermarpolder fan 1881 is yn 1926 elektrifisearre en bemealt Makkumer- en Parregeaster Marpolders. Nei beslút ta likwidaasje Lânoanwinningsmaatskippij waarden de margrûnen 1882/1883 ferkocht oan F.A. van Hall yn Utert. Dy stifte pleatsen, eksploitearre de grûnen sa'n 30 jier en ferkocht doe syn eigendommen yn de marpolders by gedieltes. De oerflakte fan de Makkumer Marpolder is ± 260 ha., en de leechste terreinhichte -2,2 m. NAP.

Der hawwe plannen west om de polder, dy't as lânbougebiet brûkt wurdt, wer ûnder wetter te setten fanwege it toerisme, mar dy plannen binne en wurde net útfierd.

Ynpolderingen yn Súdwest-Fryslân

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Makkumer- of Koudemeer