Springe nei ynhâld

Justus Vermeer

Ut Wikipedy

Justus Vermeer (Utert, desimber 1696 - dêre, 11 maaie 1745) wie in Nederlânske grifformearde teolooch (oefener). Vermeer wie rjochtsgelearde, mar krige syn grutste bekendheid troch syn útjeften op teologysk mêd. Syn geskriften hawwe hjoed-de-dei noch altyd ynfloed yn befynlik grifformearde rûnten.

De frijfeint Vermeer wie fan 1732 oant syn dea yn 1745 âlderling yn de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (de lettere Nederlânske Herfoarme Tsjerke) fan Utert. Hy begûn mei it organisearjen fan oefeningen yn syn hûs, om mei in groepke lyksinnigen de kategismus te behanneljen. Yn 1742 krige Vermeer in ûngelok mei in hynder en wein. As gefolch dêrfan stoar er in pear jier letter yn de âldens fan 48 jier.

De oefeningen fan Justus Vermeer waarden nei syn dea yn trije dielen útjûn en waarden withoefaak fannijs printe. Oant yn dizze tiid wurde se lêzen en útjûn. De lêste útjefte is fan 2004.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: