Springe nei ynhâld

Jurjen Ripperda

Ut Wikipedy
Jurjen Ripperda mei Anna (1625) troch Wybrand de Geest

Jurjen Ripperda, ek George (Jurjen) Ripperda (1571-1632) út Vorden, wie yn Steatske tsjinst en hofmaster oan it Fryske Hof fan steedhâlder Ernst Casimir fan Nassau. Telch út it geslacht Ripperda. Wenne op Dekemastate mei syn frou Anna Catharina fan Dekema, in dochter fan Rienck fan Dekema en Maximiliana fan der Marck fan Aremberg. Anna wie slotfrou fan 1622-1633.

It span hat grif opdracht jûn foar it meitsjen fan de âlde gipsen skoufersiersels yn de seal fan Dekemastate dy't by restauraasje ûnder de ytkeamerflier ûntdekt waarden as stutten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: