Jurjaan Koolen

Ut Wikipedy
Jurjaan Koolen
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 20 septimber 1938
berteplak Monnickendam
lingte 1,86 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1964

Jurjaan Christiaan Koolen, ek wol Jurriaan Koolen (Monnickendam, 20 septimber 1938) is in eardere Nederlânsk follybalspiler.

Jurjaan Koolen hearde ta de earste Nederlânske ploech dat ôffurdige waard nei de Olympyske Spullen. Yn 1964 waarden op de Simmerspullen yn Tokyo judo en follybal yntrodusearre as Olympyske sport. Nederlân waard by de Simmerspullen fan 1964 achtste fan de tsien dielnimmende lannen. Yn totaal hat Jurjaan Koolen 138 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1] Yn syn aktive tiid as follyballer wie er ûnder oare oansletten by follybalklup DES Voorburg.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo