Springe nei ynhâld

Julius von Payer

Ut Wikipedy
Julius von Payer
Julius von Payer (as Oberleutnant, foto fan Fritz Luckhardt)

Julius Johannes Ludovicus Ritter von Payer (Schönau (no Šanov part fan Teplice, Bohemen (no Tsjechje)), 2 septimber 1841 - Veldes (no Bled, Oberkrain (no Gorenjska), Eastenryk-Hongarije (no Sloveenje)), 19 augustus 1915) wie in Eastenryksk-Hongaarske poalûndersiker en in skilder fan poallânskippen.

Payer wie in soan fan Franz Anton Rudolf Payer, in pinsjoenearre offisier dy't stoar doe't Julius 14 wie. Hy krige ûnderrjocht oan de k.k. (kaiserlich österreichisch/königlich böhmisch) kadetteskoalle yn Lobzowa ûnder Krakau. Fan 1857 oant 1859 studearre er oan de Teresiaanske Militêre Akademy yn Wiener Neustadt (by Wenen). Yn 1859 tsjinne er as ûnderluitenant yn it 36e ynfanteryrezjymint yn de Noard-Italjaanske stêd Ferona en oerlibbe dat jier de Slach by Solferino. Fan 1860 oant 1863 siet er by it garnizoen yn Ferona. 1863 waard er skiednislearaar oan de kadetteskoalle yn de Eastenrykske stêd Eisenstadt. Dêrnei waard er befoardere ta luitenant earste klasse en yndield by it garnizoen yn Feneetsje.

Ferkenning fan de Alpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1862 sette er útein mei kuierjen yn de Italjaanske Alpen en Hohe Tauern en 1863 beklimt er de heechste berch fan Eastenryk, de Großglockner. 1964 waard er kommandant fan it lagunefort Lombardo by Chioggia en sette dêrnei útein mei berchbeklimmingen yn de Adamello-Presanellagroep en de Ortlergroep. Hy wie de earste dy't de Adamello (3554 meter) beklom. Wilens beskreau er de krite en makke in topografyske kaart (skaal 1:56.000) fan de krite, wêr't er foar beleane waard mei in baan by it Eastenryksk Militêr Kartografysk Ynstitút yn Wenen. De Universiteit fan Halle beneamde him yn 1868 fanwege syn berchûndersyk en publikaasjes dêroer ta earedoktor (ehrenhalber dr. phil.).

Twa jier earder (op 24 juny 1866) die er mei oan de Slach by Custoza, dêr't er twa kanonnen feroverje koe. It smiet him in ûnderskieding op.

Poalekspedysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1868 waard er útnûge troch de Dútske geograaf August Petermann om mei te dwaan oan de twadde Dútske Noardpoalekspedysje (Germania ûnder Carl Koldewey); hy gie mei fan 1869 oant 1870. Yn 1871 die er tegearre mei Karl Weyprecht mei oan in Eastenryksk-Hongaarske ekspedysje nei Nova Zembla. Yn 1872 hienen dy beide mannen de lieding oer de grutte Eastenryksk-Hongaarske Noardpoalekspedysje, dy't late ta it fannijs ûntdekken fan in arsjipel yn it noarden fan de Noardlike Iissee, dy't oant dan ta "Rönnebeck-Lân" neamd waard (nei Nils Fredrik Rönnebeck dy't it 1868 besocht) en troch Payer en Weyprecht de nije namme Frâns Joazeflân krige. Werom yn it heitelân waarden harren ferhalen oer it bestean fan de arsjipel en itjinge dat sy belibbe hienen troch in protte kritisy betwifele. Hoewol't Payer op grûn fan eachtsjûgeferklearrings, deiboeken en wittenskiplike sketsen sjen litte koe dat syn ferhaal doogde, fertrouden in soad offisieren it dochs net en gie de ûnoffisjeel plende befoardering ta haadman net troch. Dat wie Payer syn ear tenei, dat hy naam ûnslach mei in honorarium van 44 Eastenryksk-Hongaarske gûne.

Op 24 oktober 1876 waard hy adele wat him en syn neisieten fersekere fan de titel "Ritter von" (foar de manlju) en "von" (foar de froulju).

Skilder en letter libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy boaske 1877 mei de eks-frou fan in bankier út Frankfurt am Main; sy krigen twa bern, Jules en Alice.

Fan 1877-1879 studearre er skilderkeunst oan it Städelsches Institut yn Frankfurt / Main en 1880-1882 gie er fierder mei deselde stúdzje oan de Akademie der bildenden Künste in München.

Hy wie skilder yn Parys fan 1884 oant 1890.

Yn 1890 skiede er fan syn frou, gie werom nei Wenen en stifte dêr in skilderskoalle foar froulju.

1895 makke er plannen foar in reis nei de Kejser Franz Joseph Fjord yn noardeast Grienlân om dêr te skilderjen.

Yn 1912, hy wie doe 70 jier, hie er plannen foar in reis nei de Noardpoal yn in ûnderseeboat.

Hy stoar yn 1915.