Judas
Appearance
"Judas" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:
- De namme Judas, de hellenisearre foarm fan it Hebriuwske Juda (eins Yěhuda); anglisearre ta Jude.
- Judas de Makkabeeër (reg. 167-160 f.Kr.), de lieder fan in súksesfolle Joadske opstân tsjin 'e Seleusidyske oerhearskers fan Palestina, dy't late ta de stifting fan in selsstannich Joadsk keninkryk ûnder de dynasty fan 'e Hasmoneeërs.
- Judas fan Galileä, de lieder fan in mislearre Joadske opstân tsjin 'e Romeinske oerhearsking yn it jier 6.
- Judas Iskariot, de dissipel fan Jezus Kristus dy't syn master ferrette.
- De apostel Judas, dy't ek wol Judas Taddéus, Taddéus of Judas de soan fan Jakobus neamd wurdt.
- Judas, de broer fan Jezus fan Nazaret, dy't soms identifisearre wurdt mei de apostel Judas.
- Judas de Fersetsman, dy't neamd wurdt yn it twadde-iuwske apokrife Brief fan de Apostels, en yn 'e regel identifisearre wurdt mei de apostel Simon de Fersetsman.
- Judas, neamd yn Hannelingen fan de Apostels, yn waans hûs yn Damaskus oft de apostel Paulus fan syn blinens genêzen waard.
- It bibelske Brief fan Judas út it Nije Testamint, gauris ôfkoarte ta Judas.