Juan Giménez

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Juan Giménez López yn 2006

Juan Antonio Giménez López (Medoza, 16 novimber 1943) is in Argentynske striptekener.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Giménez López waard berne yn Medoza, Argentynje. Hy trochrûn de middelbere skoalle en learde foar industrial designer en letter gie er nei de Academy of Fine Arts yn Barselona (Spanje).

Syn earste ferhalen, foar Argentynske útjouwers as Colomba en Record, wienen foar it grutste part ynspirearre troch Hugo Pratt (yn de jierren dat er yn Argenynje tahâlde) en Francisco Solano López. Werom yn Spanje, wurke hy foar de Spaanske (Zona 84, Comix International) en Italjaanske (Lanciostory, Skorpio) magazines. It wurk fan him út dy tiid bestiet benammen út oarlochsferhalen en science-fiction.

Yn 1980, skoep er de persoan "Harry Canyon" foar de film Heavy Metal. Yn de 80er jierren wurke hy foar ferskate Europeeske tydskriften, werûnder it Spaanske 1984, it Frânske Metal Hurlant en it Itajaanske L'Eternauta. Yn dy tiid ekspirimentearre er mei grafyske en ferhaaltechnyske fernijings. Ut dy tiid komt syn meast bekende wurk, de koarte science-fiction ferhalen bekend ûnder de titel Time Paradox. Like bekend binne The City, skreaun troch Ricardo Barreiro en Le Quatrième Pouvoir ('De 4e kreft'), dy't er sels skreau.

De styl fan Giménez is ferneamd wurden troch syn ekstreme omtinken foar technyske en histoaryske details; syn rige Pik As wurdt wol omskrean as "in stripensyklopedy fan de Twadde Wrâldkriich."[1]

Giménez arbeide ek op mei wichtige skriuwers as Carlos Trillo, Emilio Balcarce, Roberto Dal Prà, en de Syleenske Alejandro Jodorowsky, dêr't hy de populêre saga Metabarons mei makke (útein set yn 1992).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. La Città, Delos; útj. Fanta Scienza [url=http://www.delos.fantascienza.com/delos29/nuvole.html]