Springe nei ynhâld

Jouke Douwe de Vries

Ut Wikipedy
Jouke Douwe de Vries
politikus
bertedatum 2 april 1970
berteplak Ljouwert
partij S!N (Sociaal in Noardeast-Fryslân)
Boargemaster fan Achtkarspelen
amtsperioade 2025 oant no
offisjele webside
https://www.jddevries.nl

Jouke Douwe de Vries (Ljouwert, 2 april 1970) is in Frysk bestjoerskundige, dosint, manager, politikus, bestjoerder en singer-songwriter. Hy is lid fan de lokale partij S!N (Sosjaal yn Noardeast-Fryslân). Hy is sûnt 30 jannewaris 2025 boargemaster fan Achtkarspelen.

De Vries is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Berltsum en Sint-Anne. Hy gie fan it earste jier fan de middelbere skoalle oan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne nei it Ateneum fan it Lienward College yn Ljouwert. Dêrnei studearre er Nederlânsk en Ingelsk oan de learare-oplieding fan de Noardlike Hogeschool (NHL) yn Ljouwert. Fan 2020 oant 2022 studearre er Managementwittenskippen oan de Open Universiteit, mei as ôfstudearrjochting Governance. Foar syn proefskrift die er ûndersyk nei netwurken foar ûnderwiis en soarch yn de provinsje Fryslân.

Fan 1987 oant 1990 wurke De Vries, njonken syn stúdzje, as freelance resinsint en sjoernalist by it Friesch Dagblad en dêrnei as copywriter, PR-meiwurker en grafysk ûntwerper foar ûnder oare WiGro Software yn Grins en Farmex yn Drachten.

Nei syn stúdzje begûn er yn 1995 as learaar Nederlânsk en Ingelsk oan it Dockinga Kolleezje yn Dokkum en dêrnei oan it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost, CSG Dingstede yn Meppel en it Drenthe College yn Meppel, foardat hy yn 1998 weromkaam op it Dockinga Kolleezje VMBO-T yn Dokkum, dêr't er yn 2001 teamlieder waard fan de ûnderbou en ek it fak Frysk jaan gie. Hy wurke fan 2007 oant 2010 as ûnderwiisadviseur en projektlieder Frysk yn it fuortset ûnderwiis by Taalsintrum Frysk fan Cedin yn Drachten, wêrnei't er teamlieder havo / vwo legere klassen waard by CSG Bogerman yn Snits en letter ôfdielingshaad fan de nije mavo. Yn 2016 waard hy opliedingsmanager Elektrotechnyk en Mechatronika by ROC Friese Poort yn Snits.

De Vries is begjin 2019 beëdige as wethâlder Sosjaal Domein, Wolwêzen en Underwiis yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân, dy't ûntstien is nei de weryndieling fan de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. Nei de gemeenteriedsferkiezings yn 2022 krige De Vries ek Finânsjes as portefúlje. Yn july 2024 kaam oan syn wethâlderskip in ein doe't syn partij S!N út de koälysje stapte. Op 30 jannewaris 2025 waard er ynstallearre as boargemaster fan Achtkarspelen.

De Vries is sûnt 1988 aktyf yn de polityk. Begjin jierren '90 wie hy foarsitter fan de CDA-jongerein yn Fryslân en wie dêrnei noch in skoft lanlik aktyf foar it CDJA. De Vries hat altyd in foarstanner west fan in sosjale koers binnen de kristlike demokrasy. Yn 1995 wie er mei-oprjochter fan it Christelijk Sociaal Platform (CSP). Dat die er út ûnfrede mei de doetiidske politike koers fan it CDA en mei as doel om binnen de kristen-demokrasy in krêftich sosjaal lûd hearre te litten. Fan 2006 ôf wie De Vries sân jier lang CDA-fraksjefoarsitter yn de gemeente Dongeradiel.

Nei in ferskil fan miening oer de koers fan de partij stapte er yn maart 2013 út de CDA-fraksje. De Vries rjochte doe mei stipe fan GroenLinks de nije lokale, sosjale en griene partij Dongeradeel Sociaal op, dêr't ek leden fan û.o. SP, D66 en PvdA harren by oansluten. By de ferkiezings fan 2014 helle Dongeradeel Sociaal twa sitten yn de ried fan Dongeradiel. By de weryndielingsferkiezings fan 2018 gie Dongeradeel Sociaal fierder as S!N (Sosjaal yn Noardeast-Fryslân) en krige fjouwer sitten yn de ried fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

De Vries waard doe, út namme fan S!N, wethâlder Sosjaal Domein, Wolwêzen en Underwiis yn it brede kolleezje fan de nije gemeente; tegearre mei CDA, FNP, CU en VVD. By de ferkiezings fan 2022 groeide S!N nei sân sitten en waard it de op ien nei grutste partij, krekt efter de FNP mei acht sitten. Tegearre mei Gemeentebelangen (ien sit) foarme S!N in nij kolleezje, wêrby't De Vries njonken Sosjaal Domein, Wolwêzen en Underwiis ek Finânsjes yn syn portefúlje krige.

Ut syn funksje as wethâlder wei wie er ek lid fan de auditkommisje fan de Feilichheidsregio Fryslân, it lanlike netwurk Met Andere Ogen (foar de ferbining tusken Underwiis en Soarch) en de Fryske Taskforce Wenjen en Soarch. Hy wie ek foarsitter fan it bestjoerlik platfoarm fan de Fryske Previnsjeoanpak. Yn dy funksje skreau er yn 2022 in 'position paper' oer de Fryske Mienskipsoanpak, dy't ek as basis tsjinne foar it Regioplan Fryslân yn it ramt fan FrIZA, it Fryske Yntegraal Soarch Akkoart.[1]

Op 4 july 2024, stapte S!N út de koälysje fanwege fersteurde ferhâldings, mei as gefolch fan in diskusje oer de komst fan in asylsikerssintrum yn Dokkum. Dêrmei einige De Vries syn termyn as wethâlder en ferliet hy nei 18 jier de polityk yn Noardeast-Fryslân. Op 30 jannewaris 2025 waard er beëdige as boargemaster fan de buorgemeente Achtkarspelen. Sûnt 22 jannewaris 2025 is er ek lid fan de Ried fan Tafersjoch fan Connexa, de wolwêzensorganisaasje fan de gemeenten Waadhoeke en Harns.

As soan fan dirigint en muzyklearaar Durk de Vries song De Vries fan jongs ôf oan yn ferskate bernekoaren en learde hy ferskate ynstruminten te bespyljen, wêrûnder piano en gitaar. Yn 'e jierren '80 begûn er mei it skriuwen fan syn eigen ferskes. Earst yn it Ingelsk, letter ek yn it Nederlânsk en it Frysk. Yn 1986 wûn er de earste priis by in nasjonale komposysjewedstriid. Fan 1993 oant 2006 helle er njoggen kear de finale fan it Frysktalige festival 'Liet'; as útfierend keunstner, mar ek as komponist en tekstskriuwer foar oare dielnimmers.

Sûnt 2006, doe't er gemeenteriedslid waard, treedt De Vries net sa faak mear op, mar is er yn syn eigen studio ferskes skriuwen en opnimmen bleaun. Hy nimt dêrby alle ynstruminten en ek de produksje foar syn rekken. Yn de hjerst fan 2023 hat er fjirtich ferskes útbrocht dy't er earder skreau op Spotify, Apple Music en YouTube. Sûnt dy tiid hat er geregeld nij materiaal publisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) jddevries.nl (31 jannewaris 2025). Oproppen op 18 febrewaris 2025.