Springe nei ynhâld

Josine van Dalsum

Ut Wikipedy
Josine van Dalsum
akteur
Josine van Dalsum yn 1973
Josine van Dalsum yn 1973
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 july 1948
stoarn 17 novimber 2009
jierren aktyf 1973-2009

Josina Johanna (Josine) van Dalsum (Breda, 14 july 1948Amsterdam, 17 novimber 2009) wie in Nederlânske aktrise.

Van Dalsum groeide op yn in grutte húshâlding fan fiif jonges en fiif famkes. Har heit spile yn syn frije tiid toaniel. Yn 1961 gie se nei it Monseigneur Frencken College yn Oosterhout dêr't se de HBS folge.

Tf-opnamen Een mens van goede wil, Josine van Dalsum en Jan Reusens

Van Dalsum folge tusken 1967 en 1971 de toanielskoalle yn Amsterdam. Yn har toanielskoaltiid wie se in fêste figuer yn it bernetelefyzjeprogramma Orimoa fan de NCRV. Se wie net belutsen by de Aksje Tomaat, mar hearde wol ta de krityske jonge akteurs.

Fan it begjin fan de santiger jierren ôf spile se ferskate rollen yn telefyzjedrama en yn films. Yn 1973 spile se de rol fan "Let" yn de telefyzjesearje Een mens van goede wil nei de roman mei deselde namme fan Gerard Walschap, yn 1976 "Riekie Kiers" yn de telefyzjesearje Hollands Glorie en yn 1980 "Mata Hari" yn de fjouwerdielige telefyzjesearje Mata Hari. Dêrneist spile se "Gertrude" yn Dea fan in non (1975, nei de roman mei deselde namme fan Maria Rosseels), "Koningin Johanna" yn De Leeuw van Vlaanderen (1984), "Saskia Adelaar", de frou fan de liftmonteur, yn De lift (1983) fan Dick Maas en de mem fan "Bo" yn Zus & Zo (2001) fan Paula van der Est. Yn 2004 wie se te sjen yn de telefyzjesearje De Erfenis, wêryn 't se de rol fan "Cecile Heydecoper-Dos Santos" fertolke.

Van Dalsum wie ien fan de senarioskriuwsters fan de Dútske telefyzjesearje Die Wache en hie yn 2003 in gastroltsje yn Baantjer as "Paula Nieuwenhuijzen". Yn 2007 publisearre sy it boek De kleine Johanna oer har jeugd yn Breda. Fan desimber 2008 ôf wie se te sjen yn de 26 - dielige dramasearje Wolfseinde by Omroep Brabant.

Van Dalsum wie fan 1974 ôf troud mei regisseur John van de Rest. Harren soan Aram van de Rest is ek akteur.

Yn 2003 waard longkanker by har fêststeld. In jier nei de operaasje die bliken dat se twa harsenmetastasen hie dy't net operearre wurde koene. Van Dalsum wie fan miening dat op kanker noch hieltyd in taboe rêste en fûn dat dit trochbrutsen wurde moast. Op 9 febrewaris 2005 ferskynde se yn it AVRO-telefyzjeprogramma Vinger aan de Pols en fertelde se rjochtút oer har sykte.
Nei't in bestrieling op'e harsens brûkte Van Dalsum har ûnderfiningen foar Leef-Tiid, in toanielstik oer in terminaal sike frou en har soan Aram van de Rest, dat Haye van der Heyden foar har en har soan skreau. Op 15 septimber 2005 gie it stik yn it Compagnietheater yn Amsterdam yn premjêre. De opfiering dêrfan waard sponsore troch ûndernimmer Henk van Sprong, dy 't sels syn frou ferlear oan kanker en dy't foar de toernee de Stichting Toneelstuk Leef-Tijd Josine van Dalsum oprjochte. Sels skreau Van Dalsum de boeken Hagelwit en Leef Tijd oer har sykte.

Yn maart 2008 waard se nochris operearre, omdat de harsentumor wer groeid wie. Op 9 oktober fan dat jier gie de foarstelling Vleugellam yn premjêre. It stik, skreaun troch Van Dalsum en regissearre troch John van de Rest, behannelet afasy. Op 28 desimber 2008 waard it stik spile yn skouboarch Orpheus yn Apeldoorn. Dit soe de lêste foarstelling fan Van Dalsum wêze; op 5 jannewaris 2009 waard bekend dat har sûnenstastân sa min wurden wie dat hja net langer yn it stik spylje koe.

Op har 61ste jierdei (14 july 2009) waard Van Dalsum beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Fjouwer moanne dêrnei ferstoar se oan de gefolgen fan har sykte.

  • Dood van een non (1975) - Gertrude
  • De Lift (1983) - Saskia Adelaar
  • De Leeuw van Vlaanderen (1984) - Keninginne Jehanna I fan Navarra
  • Zus & Zo (2001) - Mem fan Bo
  • Sûnder eenmalige optredens
  • Een mens van goede wil (1973-1974) - Let
  • Zoon van het oude volk (1974) - ? (tf-film)
  • Amsterdam 700 (1975) - Anna Persijn, Abigail (minysearje)
  • Van oude mensen, de dingen die voorbij gaan (1975-1976) - Elly (minysearje)
  • L'homme d'Amsterdam / Brainwave (1976) - Helen Vermeer
  • Hollands Glorie (1978) - Riekie Kiers
  • Kant aan m'n broek! (1978) - Garnaaltje
  • Heilige Jeanne (1978) - Jeanne d'Arc (tf-film)
  • Rouw past Electra (1980) - Lavina Mannon
  • Mata Hari (1981) - Mata Hari (minysearje)
  • De Appelgaard(1985-1986) - Annelies
  • Moordspel: ôfl 1, Gelukkig Nieuwjaar (1987) - Constance
  • Laat maar zitten (1989-1991) - Direktrise Sophia Schollevaar, Sandra, Mem Oerste
  • De Erfenis (2004) - Cecile Heydecoper-Dos Santos
  • Wolfseinde (2008-2009) - Vrouwke

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: