Joseph Mede
Joseph Mede (Berden, 1586 – 1639) wie in Ingelsk gelearde dy't op ferskate fjilden betûft wie. Hy waard oplaad oan it Christ's College yn Cambridge, dêr't er yn 1613 meiwurker waard. Hy is hjoeddedei ferneamd as in Bibelgelearde. Hy wie ek in natuerkundige en Egyptelooch. Hy wie Hebrieïst en waard dosint Gryksk.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn Clavis Apocalyptica[1] (Yn it Latyn 1627, Ingelske oersetting yn 1643,[2] Key of the Revelation Searched and Demonstrated[3]) wie in wurk mei in soad ynfloed op it útlizzen fan it bibelboek Iepenbieringen. It foarsei de ein fan de wrâld tsjin 1716: faaks al yn 1654.[4]
Christopher Hill tinkt dat Mede mei opset sin ôfseach fan publikaasje.[5] De ynterpretaasje fan it boek Danjel waard postúm útjûn,[6] en The Apostasy of Latter Times ek.[7] Oer it beseten wêzen fan demoanen wie er fan betinken dat dat as in foarm fan geastessykte beskôge wurde moast.[8] Syn samle wurk waard yn 1665 útbrocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|