Springe nei ynhâld

Jonas Daniël Meijer

Ut Wikipedy
Jonas Daniël Meijer
J.D. Meijer yn 1830 troch Louis Moritz
J.D. Meijer yn 1830 troch Louis Moritz
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1780
berteplak Arnhim
stoarn 1834 (54 jier)
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Abbekaat
aktyf as Emansipator Joaden
bekendste
  wurk(en)
Kan de zedelijke waardering van een handeling in aanmerking komen bij de vaststelling en toepassing van een strafwet en zo ja, in hoeverre (1803).

Jonas Daniël Meijer (Arnhim, 15 septimber 1780Amsterdam, 6 desimber 1834) wie de earste Joadske abbekaat yn Nederlân. It Jonas Daniël Meijerplein yn Amsterdam en de Jonas Daniël Meijerplaats yn Arnhim binne nei him ferneamd.

Meijer wie de âldste soan fan de begoedige David Abraham Meijer en Marianne Cohen, in dochter fan de Amersfoartse tabakshanneler, gelearde en rabbyn Benjamin Cohen, dy't yn april 1787 steedhâlder Willem V ûnderdak joech. De famylje Cohen hiene bannen mei foaroansteande Jeropeeske Joadske famyljes. Meijer's heit wie in Dútske joad út Hamburch. Jonas Daniel Meijer hie noch in broer en in suster, Abraham David (1781–1864) en Eva (1782–1850).

Nei de dea fan har man ferhuze syn mem yn 1790 nei Amsterdam, dêr't se by har heit ynwenjen gie op de Nieuwe Herengracht 103 yn de Amsterdamske joadebuert. Meijer studearre fan 1793 oant 1796 rjochten oan it Atheneum Illustre, en promovearre doe't er 15 jier wie oan de Universiteit Leien. Yn de tiid fan de Bataafske Republyk, op 17 jannewaris 1797, waard er abbekaat yn Amsterdam, hy wie doe 16 jier. Noch it rike Amsterdamske keapmansgilde noch oare (kristlike) klanten woene fan syn tsjinsten gebrûk meitsje. Hy bestudearre de skiednis fan it rjocht fan oare lannen. Dat resultearre yn publikaasjes, dy't him ynternasjonaal ferneamd makke en lidmaatskippen fan Jeropeeske universiteiten en akademys opsmiet.

Yn 1806 waard Meijer direkteur fan de Bataafse Courant, in foarrinner fan de steatskrante, en yn 1810 fredestichter tusken de beide joadske gemeenten, de Heechdútske en de Portugeeske. It praten fan Jiddysk moast ûntmoedige wurde, der kaam in learplicht en in Nederlânske Bibelfertaling dêr't ek de Joaden har yn fine moesten koene.
Yn april 1809 kaam kening Loadewyk Napoleon mei it útstel Joadsk legerkorps op te rjochtsjen, sadat Joadske boargers de gelegenheid krigen harren lân te tsjinjen. De oanmelding en entûsjasme foel lykwols ôf. Op 11 april 1811 ûntstie der rebûlje yn de Joadebreestrjitte doe't sa'n hûndert tsjinstplichtigen of conscripts, ek Joaden, fan de kazerne yn de Plantaazje nei de Haarlimmerpoarte marsjearde. It bleau de hiele middei ûnrêstich yn de Joadske buorren: der foel ien deade en sân ferwûnen. Mar sa'n tweintich tsjinstplichtigen berikte it trekskip nei Haarlim. De oaren wiene útnaaid en ûnderdûkt. Meijer en Carel Asser stelden in ûndersyksrapport op foar de Prins-steedhâlder Charles François Lebrun. Se ferklearren de saak út de earmoed fan de 20.000 Joden (60 à 70% fan it totaal).
Yn 1813 waard Meijer siktaris fan de kommissy ta gearstalling fan de grûnwet.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Nederlânsktalige Wikipedy, Jonas Daniël Meijer