Johannus Frederikus Adrianus Göbel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Johannus Frederikus Adrianus Göbel (Assen, 15 septimber 1900 - Arnhim, 9 july 1967), meastal J.F.A. Göbel neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.

Göbel wie in soan fan in keapman. Syn âlder wurk, meast yn in ekspresjonistyske styl, is te finen yn Assen. Nei de oarloch wurke er ek yn it westen fan it lân. Sa wie er belutsen by de wenningbou yn de Amsterdamske wyk Slotermeer. In oantal fan syn bouwurken is oanwiisd as ryksmonumint.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Assen: went Vaart ZZ 41a, J.F.A. Göbel, 1934
  • 1930: Went oan de Vaart Noordzijde, Assen [1]
  • 1931: Went oan de Plataanweg, Assen [2]
  • 1933-1934: Roomsk-katolike tsjerke Maria ten Hemelopneming, Assen (ûntwerp fan J. van Dongen jr. yn gearwurking mei J.F.A. Göbel) [3]
  • 1934: Went oan de Vaart Zuidzijde, Assen [4]
  • 1936: dûbelwent oan it kanaal 173 en 175 yn Assen yn opdracht fan Evert Rinsema, skuonmakker en skriuwer/dichter.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. AHV 1999 (Vaart Noordzijde 118, Assen)
  2. RCE - Rijksmonument 468975 (Plataanweg 3, Assen)
  3. RCE - Rijksmonument 468967 (Dr. Nassaulaan 3b, Assen)
  4. RCE - Rijksmonument 468945 (Vaart Zuidzijde 41a, Assen)