Springe nei ynhâld

Johannes van der Zwaag

Ut Wikipedy

Johannes (Joop) van der Zwaag (Ljouwert, 2 juny 1934Dimter, 31 desimber 2003) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.

Nei de mulo gie er yn Ljouwert oan't wurk op it kantoar fan hannelsmaatskippij R.S. Stokvis en dêrnei kaam er yn tsjinst fan de Intercommunale Waterleiding Gebied Leeuwarden (IWGL). Yn dy perioade ferfolde er ek syn tsjinstplicht by de Keninklike Marine. Werom by de wetterlieding studearre er jûnstiids foar it steatseksamen hbs en helle yn 1958 syn diploma. Dêrnei gie er oan't wurk by de oaljemaatskippij BP; earst by de ferkeapadministraasje yn Drachten en fan 1961 ôf op it distriktskantoar yn Grins, dêrneist studearre er foar de MO-akte ekonomy. Yn 1964 kaam er yn tsjinst fan de Drintske gemeente Roden dêr't er it ta haad fan it grûnbedriuw brocht.
Maaie 1973 waard Van der Zwaag boargemaster fan Hylpen. Hy folge dêr syn partijgenoat Albert Atema op dy't in pear moanne earder ferstoarn wie. Yn septimber 1977 folge syn beneaming ta boargemeester fan Goor wat er oant 1996 bliuwe soe.
Hy wie ek fan novimber 1985 goed in heal jier waarnimmend boargemaster fan Stad Delden.

Van der Zwaag stoar op âldjiersdei 2003 yn de âldens fan 69 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: