Johannes Willem Ooms
Appearance
Johannes Willem Ooms (Groot-Ammers, 19 jannewaris 1914 - Giessenburch, 16 maart 1974) wie in Nederlânsk skriuwer en oersetter fan tal fan jeugdboeken en streekromans dy't harren ôfspilen yn de Alblasserwaard.
De Korevaars (1939), De watermolen (1940), Lidia en de erven Neuteboom (1942), Water over Holland (1946) en Het meisje met de kaarsjes (1947) binne der foarbylden fan. Ooms droech by oan it tydskrift foar de kristlike hûshâlding Op den Uitkijk. Ek skreau er histoaryske romans oer Paulus Potter en oer Cornelis van Aerssen van Sommelsdijck, de sânde gûverneur fan Suriname: Een man in de branding (1967).
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Korevaars (1939)
- De watermolen (1940)
- Lidia en de erven Neuteboom (1942)
- Water over Holland (1946)
- Het meisje met de kaarsjes (1947)
- Een man in de branding (1967)
- Koster Besaan (1949)
- De schilder van de bierkaai (1978)
- Zwarte Tinus de verliezer (WO 2)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Boele, J.W.Ooms Een biografie