Johannes Belksma
Appearance
Johannes "Hans" Belksma (Tsjom, 19 oktober 1884 - Tana Toraja, 3 maart 1942)[1] wie in Nederlânsk sindeling fan Frysk komôf.[2] Hy waard nei Nederlânsk-Ynje útsjoerd troch it Grifformeard Sindingsbûn (Gereformeerde Zendingsbond, GZB) yn Utert.[3]
Belksma kaam yn maaie 1916 oan yn it regintskip Tana Toraja, Súd-Sulawesi yn Ynje. It Grifformeard Sindingsbûn stelde út om dêr in kweekskoalle te bouwen. Belksma sette dêrnei út ein mei in normaalkursus yn Tana Toraja.[4] Oant 1942 late er hûnderten ûnderwizers en evangelisten op.
Belksma sette ek lieten, psalmen en gesangen oer yn de Torajataal.[5]
Syn soan Abraham Belksma wie fan 1928 oant 1945 ûnderwizer en sindeling foar de GZB.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|