Springe nei ynhâld

Johann Niemann

Ut Wikipedy
Johann Niemann om 1941 hinne
Niemann op it perron yn Sobibór yn 1943

Johann Niemann (Völlen by Lier, East-Fryslân, 4 augustus 1913 - ferneatigingskamp Sobibór, 14 oktober 1943) wurke yn de nazy-tiid yn ferskate konsintraasjekampen en waard by de opstân yn it kamp Sobibór as earste SS-er troch twa joaden mei in bile fermoarde.

Johann Niemann, ferver fan berop, waard yn 1931 lid fan de NSDAP en waard Unterscharführer by de SS-Panzer-Division Leibstandarte-SS Adolf Hitler. Tusken 1934 en 1941 waard Niemann ynset yn de konsintraasjekampen Esterwegen en Sachsenhausen. Sûnt jannewaris 1940 wurke er mei oan it eutanasy-programma Aktion T4 en fermoarde Niemann yn de gaskeamers fan Grafeneck, Brandenburg en Bernburg pasjinten mei in beheining. Nieman wurke fanôf 1941 yn it besette Poalen oan de bou fan de gaskeamers fan it ferneatigingskamp Bełżec. Yn septimber 1942 waard Niemann oerpleatst nei it ferneatingskamp Sobibór, dêr't de Eastfries plakferfangend kampkommandant wie en him fierder ynsette foar de massaferneatiging fan de joaden.

Johann Niemann waard oan it begjin fan in opstân fan de finzenen yn 1943 fermoarde. Twa joadske twangarbeiders spjalten syn plasse mei in bile, doe't er yn 'e neimiddei fan 14 oktober 1943 yn de kleanmakkerij oankaam om in unifoarm te passen. Syn besittings waarden neitiid nei de doe 22-jierrige widdo Henriette Niemann-Frey stjoerd.

Fan it kamp Sobibór wiene oant 2015 mar twa foto's bekend. Yn dat jier waard bekend dat de pakesizzer fan Niemann twa albums mei foto's skonk oan in organisaasje dy't him dwaande hold mei it betinken fan de slachtoffers fan de Holocaust. De kolleksje bestiet út mear as 350 foto's út de karriêre fan Johann Niemann, dêr't 50 foto's fan makke binne yn it kamp Sobibór. Yn jannewaris 2020 waard yn Dútslân in boek fan de foto's ûnder de titel "Fotos aus Sobibor" publisearre. Op de foto's binne gjin gaskeamers of liken te sjen, mar se toane fral it libben fan de kampbeweitsers. Ek de yn 2011 feroardiele Ivan Demjanjuk soe op guon fan Niemann's ôfbylden te werkennen wêze.

Ut de bankboekjes út de erfenis fan de widdo fan Niemann die bliken dat Niemann him mei de eigendommen fan de fermoarde minsken tige ferrike hie.[1]

Nei de Twadde Wrâldkriich joech Niemann's widdo ûnderdak oan de út Feanhuzen útpykte Drintske lânwachter Jan Hayo Klimp (1910-1994). Klimp waard yn de famylje opnommen en de rest fan harren libben bleaune hja yn Völlen op de pleats wenjen. Syn namme stiet op de grêfstien fan frou Niemann op it tsjerkhôf fan Völlen. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Johann Niemann