Johan Derksen
Johannes Gerrit (Johan) Derksen (Heteren, 31 jannewaris 1949) is in eardere fuotballer. Hy wie beropsfuotballer tusken 1966 en 1978 by fiif clubs: Go Ahead, SC Cambuur, SC Veendam, Haarlim en MVV.
Nei syn aktive sportkarriêre makke er namme as sportsjoernalist, mei as spesjalisme fuotbal. Hy wie fan 2000 oant en mei 2013 haadredakteur fan it wykblêd Voetbal International.
Dêrneist waard Derksen bekend op telefyzje as meipresintator fan de talkshow Veronica Inside, it eardere Voetbal Inside. Derksen syn bydrage oan dat programma smiet him yn 2011 in nominaasje op foar de Sulveren Televizier-Stjer. Sûnt 2022 is hy meipresintator fan it programma VI Vandaag (letter ûnder de namme Vandaag Inside). Hy is teffens presintator fan in muzykprogramma by Radio Drenthe.
Op 26 maaie 2021 brocht útjouwer Inside de biografy fan Derksen út.[1]
Tusken 1995 en 1998 wie er manager fan Cuby + Blizzards.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |