Joerjev-kleaster
Joerjev-kleaster
Юрьев монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Veliki Novgorod | |
koördinaten | 58° 29' N 31° 17' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 1119 | |
Ynformaasje bou | ||
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 531520004360006 | |
Webside | ||
hiemside kleaster | ||
Kaart | ||
It Sint-Joaris- of it Joerjev-kleaster (Russysk: Юрьев монастырь; Joerjev Monastir) is it âldste kleaster fan Ruslân en leit 5 kilometer súd fan 'e stêd Veliki Novgorod oan 'e lofter kant fan 'e rivier de Volchov. It kleaster wie it meast wichtige kleaster fan 'e midsiuwske Republyk Novgorod en falt tsjintwurdich ûnder it wrâlderfgoed "Histoaryske Monuminten fan Novgorod en omkriten".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de leginde waard it houten kleaster yn 1030 stifte troch Jaroslav de Wize (syn doopnamme wie Joaris). De earste betroubere fermelding fan it kleaster datearret út de 12e iuw, doe't yn 1119 yn opdracht fan prins Vsevolod Mstislavitsj fan Novgorod en Pskov en hegumen Kjoeriak troch de master Pjotr de bou fan 'e stiennen haadtjerke (de Sint-Joaristsjerke) útein set waard.
Foar de histoaryske ynformaasje fan it midskiuwske Novogorod foarme it kleaster in wichtige boarne. In part fan 'e "Earste Kronyk fan Novgorod" (it synodale part) waard yn it kleaster skreaun. Yn 1929 waard it kleaster sletten op lêst fan 'e autoriteiten fan 'e Sovjet-Uny.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Joariskatedraal is ien fan 'e grutste tsjerken fan Novogrod en omkriten. De tsjerke hat trije koepels, wat in bytsje nuver is foar in Russyske tsjerke om't fiif koepels wenst is. Guon fragminten fan 'e âlde beskildering binne bewarre bleaun, mar de measte fresko's binne yn 1902 op 'e nij oanbrocht. Under de fresko's is in grutte Kristus Pantokrator yn de grutste koepel.
Yn 'e noardeastlike hoeke fan it kompleks stiet de Krúsferheffingstsjerke út de 18e iuw mei fiif blauwe koepels mei fergulde stjerren. De toer fan 'e poarte is bekroand mei in grutte fergulde koepel, dy't sels fanút it sintrum fan 'e stêd noch te sjen is.
Nei't de bolsjewiken de macht grepen, waard it kleaster plondere en foar in grut part fernield. Fiif fan 'e seis tsjerken waarden yn 1928 fernield. It kleaster waard yn 1929 hielendal sletten. De Twadde Wrâldkriich brocht it kleaster nije skansearrings, doe't de gebouwen beset waarden troch Dútske en Spaanske troepen.
It kleaster waard yn 1991 werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en sûnt is it kleaster wer renovearre en rekonstruearre.
Rêstplak fan foarsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1198 waarden twa soannen fan Jaroslav de Wize, Izjaslav en Rostislav, begroeven yn 'e Sint-Joaristsjerke. Yn 1233 fûn de âldste broer fan grutfoarst Aleksander Nevski, Fjodor, yn 'e Joaristsjerke syn lêste rêstplak en alve jier letter waard ek harren mem Fjodosija yn 'e tsjerke byset. Hast twahûndert jier letter, doe't Sweedske soldaten yn 'e Ingermanlânske kriich (1610-1617) yn 'e grêven nei weardefolle saken sochten, waarden de oerbliuwsels fan prins Fjodor yn geve steat oantroffen. Hja hellen him út it grêf en setten him tsjin de muorre en it like oft er noch libbe. Dêrfandinne waard de prins yn Novgorod hillich ferklearre en dêr wurdt er ek hjoed-de-dei noch as in lokale hillige fereare.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It kleaster yn 2020. -
Súdwestlike toer mei de Michaeltsjerke. -
Klokketoer. -
Joariskatedraal. -
Krúsferheffingstsjerke. -
Transfiguraasjetsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Yuriev Monastery
|