Joadske begraafplakken (Boalsert)

Ut Wikipedy

De joadske begraafplakken fan Boalsert lizze oan de eardere stedswâl en oan de Samuel van Haringhouckstrjitte. De jongste grêfstien is fan 1909, en it hôf wurdt ûnderhâlden troch de gemeente Boalserd.

Alde hôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1786 kochten Philip Jacobs (Hoornstra) en Eleazer Levi (de Jong) in stik grûn fan froedman Reinder Loyenga foar it begraafplak oan de Nije Buorren oer oan de Stedswâl. Dit hôf waard brûkt oant 1829. It kadaster skriuwt yn 1832: persiel A56, 150 m², begraafplak. Der binne gjin grêfstiennen mear, dy soenen neffens dhr. H. Beem ferdwûn wêze yn de Twadde Wrâldoarloch. Om it âlde hôf stiet yn 2010 in leech stek. Der is ien grêfstien werom fûn, dy fan Simon Salomons van der Linde dy't ferstoar op 28 april 1827, 52 jier âld. In ôfbyld stiet (op 'e kop) op side 40 fan it boek fan Dooper. (Net yn de fotokolleksje fan Fryske Joadske grêfstiennen).

Nije hôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2 july 1829 wurdt in nij begraafplak brûkt, doetiidsk noard fan de bebouwing, njonken it algemiene begraafplak, no oan de Samuel van Haringhouckstrjitte. It kadaster skriuwt yn 1832: persiel B370, 400 m² begraafplak. Der binne yn Boalsert 30 grêfstienen fan de yn totaal 180 ferstoarne joadske Boalserters. Dêrfan kamen 30 om yn de konsintraasjekampen yn de Twadde Wrâldoarloch.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: