Joadsk begraafplak Berlyn-Weissensee
It Joadske begraafplak Berlyn-Weissensee (Jüdischer Friedhof Berlin-Weißensee) yn it Berlynske distrikt Pankow is it grutste noch besteande joadske begraafplak fan Jeropa. It begraafplak waard yn 1880 oanlein foar de joadske gemeente fan Berlyn en is 42 hektare (1 kilometer lang en 0,5 kilometer breed) grut. Likernôch 116.000 minsken binne op it hôf te rêste lein. Sûnt de jierren 1970 hat it begraafplak in monumintale status.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't it âlde begraafplak oan de Große Hamburger Straße út 1672 yn 1827 en it oare hôf oan de Schönhauser Allee út 1827 yn 1880 fol rekke, waard troch de joadske mienskip in stik grûn oankocht foar in nij begraafplak yn Weissensee. It begraafplak waard troch de ferneamde Dútske arsjitekt Hugo Licht yn de Italjaanske renêssânsestyl oanlein en yn 1880 yn gebrûk nommen.
It hôf is ferdield yn 120 ferskate seksjes mei eigen geometryske foarmen. De bûtenste rânen binne ornearre foar de hegere en middenklasse, wylst nei it midden ta it gewoane folk in lêste rêst plak krige. Dy lêste grêven binne yn de regel net sa tagongklik en oerwoekere mei beamtegrien.
It begraafplak yn de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begraafplak oerlibbe de Twadde Wrâldkriich ridlik goed. Troch it tal selsmoarden ûnder joaden fanwegen de nazy-ferfolging waarden der yn 1942 mear as ea minsken begroeven. Yn de maaitiid fan 1943 brochten leden fan de joadske mienskip op it hôf 583 torahrollen beside yn de yn 1910 boude rouhal. De hal waard yn de simmer 1943 gruttendiels troch in brânbom ferneatige. Sa'n 90 rollen wiene sa slim der oan ta, dat se by de haadyngong begroeven binne. De rest fan de torahrollen binne oant it ein fan de oarloch yn de kelder fan de Blumenhalle by de yngong fan it hôf bewarre en letter oan synagogen yn Berlyn en oare plakken oerlange.
Der is ek in fjild dêr't de jiske fan in lytse 809 minsken waard útstruid fan joaden dy't yn de kampen fermoarde binne. De stêd hie ea it plan om de Kniprodestraße troch te lûken nei it noarden en dêrom fûnen der op in streek lân oer it hôf gjin begrafenissen plak. Dat stik grûn waard oant 1945 brûkt foar it yllegaal begraven fan ûnderdûkte joaden. Hoefolle joaden dat west ha is fansels net byholden. It begraafplak sels tsjinne ek as ûnderdûkplak foar guon joaden. It hôf waard ûnder de tanimmende bombardeminten op Berlyn tusken 1943 en 1945 troffen troch in grut tal bommen. Njonken de ferneatiging fan de rouhal út 1910 en de begraafplakkwekerij rekken doe ek likernôch 4000 grêven skeind.
Nei de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kriich bleaune alle joaden fan Berlyn it begraafplak brûken, mar tusken 1955 en de Dútske ienwurding allinne de lytske joadske mienskip fan East-Berlyn. West-Berlynske joaden namen fan ôf 1955 it begraafplak oan de Heerstraße yn it distrikt Charlottenburg-Wilmersdorf yn gebrûk. Om't de measte joaden ûnder de ferfolging fan de nazy's flechte of fermoarde wiene en der gjin soarchplicht fan grêven jildt op joadske hôven, krigen in soad grêven gjin ûnderhâld mear en ferdwûnen se ûnder it grien. Fan ôf de jierren 1970 naam de gemeente it op har om it begraafplak wer wat op te knappen en de paden te sljochtsjen fan oerstallich grien.
Yn de jierren 1980 waarden de âlde plannen om in ferbiningswei oer it hôf oan te lizzen wer oppakt. Om't lykwols op dat frijholden diel yn de kriich yllegaal minsken begroeven binne en dy grûn yn de joadske tradysje dan oant de Jongste Dei as hillige ierde beskôge wurdt, waarden nei in brief fan de foarsitter fan de joadske gemeente fan West-Berlyn oan Erich Honecker de tariedings foar it oanlizzen fan de wei werom draaid.
It regear fan Berlyn sette yn 2010 útein mei in grutte renovaasje fan de fan opfallend giele bakstien boude muorre dy't it hôf ôffredet.
Ferneamde persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hermann Aron (1845-1913), fysikus
- Herbert Baum (1912-1942), joadsk fersetsman
- Micha Josef Berdyczewski (1865-1921), skriuwer
- Adolf Ernst (1846-1927), toanielspiler, regisseur
- David Cassel (1818-1893), skriuwer en ûndersiker Hebriuwske taal
- Hermann Cohen (1842-1918), filosoof
- Jean Dufresne (1829-1893), skaker
- Julius Falkenstein (1879-1933), toanielspiler
- Samuel Fischer (1859–1934), útjouwer
- Karl Emil Franzos (1848-1904), skriuwer
- Richard Friedländer (1881-1939), keapman en styfheit fan Magda Goebbels
- Nahum Gergel (1887–1931), aktivist, sosjoloog
- Eugen Goldstein (1850–1930), natoerkundige
- Stefan Heym (pseudonym fan Helmut Flieg, 1913–2001), skriuwer
- Paul Hirsch (1868-1940), politikus
- Max Hirsch (1832-1905), politikus, publisist
- Gustav Jacobsthal (1845-1912), muzykwittenskipper, komponist
- Salomon Kalischer (1844-1924), fysikus
- Gustav Karpeles (1848-1909), skriuwer en publisist
- Berthold Kempinski (1843-1910), gastronoom
- Louis Lewandowski (1821-1894), komponist
- Max Heinrich Lewandowsky (1876-1918), neurolooch
- Louis Lewin (oant 1876 Levi Levinstein, 1850-1929), farmakolooch en toksikolooch
- Lina Morgenstern (1830-1909), skriuwster, strider foar rjochten foar froulju
- Rudolf Mosse (1843–1920), útjouwer, filantroop
- Martin Emanuel Philippson (1846-1916), histoarikus
- Werner Scholem (1895-1940), politikus
- Angelika Schrobsdorff (1927-2016), skriuwster
- Moritz Steinschneider (1816-1907), oriïntalist
- Heymann Steinthal (1823-1899), filosoof
- Julius Stern (1820-1883), musikus
- Hermann Tietz (1837-1907), keapman
- Wilhelm Traube (1866–1942), gemikus
- Else Ury (1877-1943), skriuwster
- Lesser Ury (1861–1931), impressionistysk skilder
- Joseph Weizenbaum (1923-2008), ynformatikus
- Julius Wolff (1836-1902), medikus
- Theodor Wolff (1868–1943), skriuwer, redakteur
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Jüdischer Friedhof Berlin-Weißensee
|