Joadsk Begraafplak (Harns)
Appearance
Harns hat noch ien Joadsk begraafplak. Dat leit op in apart stik fan it Algemien Begraafplak oan de Begraafplakleane. Dit hôf wurdt sûnt 1870 brûkt en waard yn 1909 útwreide. Der stean 128 grêfstiennen.
Foar 1870 waarden de deaden te hôf brocht oan de Willemskade. Yn 1953 waard dit âld begraafplak romme. De oerbliuwsels en grêfstiennen waarden oerbrocht nei it nije begraafplak. De âldste grêfstiennen hawwe datums fan healwei de 18e iuw. Doe wie it âld begraafplak oan de Willemskade al yn gebrûk.
Yn 1947 is de joadske gemeente Harns opheft en by dy fan Ljouwert kaam. It NIK is eigner.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|