Jister
De jister wie eartiids yn 'e melkfeehâlderij in apart ôffrede stik lân deunby de finne, dêr't de kij molken waarden.
De kij waarden yn de jister twa kear deis foar it melken opsluten. De jister lei almeast ticht by it hiem fan de pleats en wie faak diel fan de finne.[1] De finne lei yn de feangebieten faak oan in feart, sadat de molkfarder (op oare plakken de molkrider) de molkbussen maklik lade koe. In jister waard meast ôffrede mei in trie, mei hikken of troch in sleat. [2] Faak wie yn de Noardlike Fryske Wâlden in losgroeiende hagedoarn de grins fan de jister efter de pleats. Yn de jister waarden de kij net allinnich fuorre en molken, mar weiden ek keallen of kij dy’t kealje moasten.[3] By wiet waar en yn de hjerst wie it faak smoarch yn in jister.[4][5]
Yn meardere Fryske doarpen krigen strjitnammen en mienskiplike plakken fan gearkomst lykas it doarpshûs of jongereinhonk de namme De Jister, bygelyks yn Easterlittens, Peins, Twizelerheide, Koudum en Aldeboarn. In rinstek foar lytse bern wurdt ek wol bernejister neamd.[6]
Siswizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne in tal siswizen dy't der meast mei te krijen hawwe dat de jister in lyts hoekje greide is wêr't net in protte gers stiet.
- Fan 'e finne yn de jister - fan 'e wâl yn de sleat
- Immen op, yn 'e jister hâlde - ien net te folle fertsjinje litte
- Wat is it hjir in jister! - wat is it hjir in smoarge boel
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - jister
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|